Altyd en oeral, de podcasts fan Omrop Fryslân

Se wûn der in NL-Award mei, mar makke foaral ek in soad los by it publyk mei dit yndrukwekkende ferhaal. Geartsje de Vries makke in radioreportaazje en podcast oer it ferhaal fan Manon Barendsen.

Manon is transgender en waard berne as Marc. Yn 2014 waard it foar Marc dúdlik dat hy as famke troch it libben woe. Oer har transysje fan man nei frou hâldt Manon in blog by. Dy transysje hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. Ferslachjouwer Geartsje de Vries tekene it ferhaal fan Manon op en makke de yndrukwekkende reportaazje en podcast dy't hjir te hearren is. 

Sa’n 2.2 miljoen Nederlanners harkje nei podcasts. 15 jier neidat de podcasts yntrodusearre waarden is it wer opnij ‘booming’. Omrop Fryslân hat yn 2018 meardere podcasts projekten opsetten. Sa binne meardere reportaazjes fan Buro de Vries werom te harkjen en ien kear yn ‘e moanne dûkt Wim Brons mei Piet Paulusma djipper yn it waar. Yn de PietCast hawwe Wim en Piet it oer mear as allinne de foarsizzing fan de kommende dagen. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast oer it waar.

Yn 2019 steane der meardere grutte podcast projekten yn de planning. Lústerje watsto wolst, wannear'tsto it wolst en wêr'tsto it wolst fia dizze pagina. 

(advertinsje)