Nijs dat der ta docht

"Wat ús as Omrop sterk makket is dat we op syk geane nei eigen nijs. Eigen ferhalen dy’t we fan begjin oant ein fan alle kanten beljochtsje. Fansels is der ek it deistige nijs, mar de eftergrûnen en de djipgong op ús eigen wize, dat makket it nijs fan Omrop Fryslân unyk.

De minsklike kant fan in ferhaal, dy fyn ik wichtich. Yn Fryslân Hjoed silst net gau in wethâlder oan tafel sjen. Wy sykje ferhalen dy’t persoanlik binne en dêr’t emoasje by sit. Fan guon ûnderwerpen sjochst dat se echt wat losmeitsje. Soms ferdwynt in ûnderwerp by ús út byld, mar sleept it noch lang nei en leveret it diskusje op. Yn oare gefallen wurdt ús nijs in maatskiplik tema dat werklik feroaring yn gong set. Mar oft de ympakt no gruts of lyts is, it is ús ferhaal en dat makket dat it der ta docht."

Roelof Lousma, presintator Fryslân Hjoed

(advertinsje)