Nije programma's

Somtiden is weromsjen op in jier ek it momint dat in gefoel fan grutskens ûntstean kin. Neist de deistige programma’s lykas Fryslân Hjoed en Hea! binne der ôfrûne jier meardere nije telefyzjeprogramma’s makke. Hjir in greep út dy nije titels.

Sokkebalje
Foar de jongsten ûnder ús kaam der yn 2018 in nij programma by, dat alle dagen te sjen is op telefyzje. Moarns tusken 06.00 en 09.00 oere is it foar de bern lekker wekker wurde mei it programma Sokkebalje. Foar de âlders ek wol sa lekker, want dy kinne yn alle rêst noch even fan harren kopke kofje genietsje. Sokkebalje is in magazineprogramma mei in samling fan âlde en nije programma's. It giet om programma's lykas Tomke, Bear Boeloe, Wat tekenje ik, Kening Hert & Harry Hazze, WitWat en Skik.

Casa Ennema
In nij radioprogramma mei muzyk fan Fryske boaiem: Casa Ennema. Fan maaie 2018 ôf is alle jûnen tusken 19.00 en 20.00 oere Casa Ennema mei Eric Ennema te hearren. Neffens Eric Ennema is der mei Casa Ennema in nije programma foar in breed publyk dy’t de Fryske muzyk in waarm hert tadrage: "Ik haw altyd al in passy hân foar Fryske muzyk en bin tige bliid mei dizze kâns om yn de grutte behoefte fan de harkers te foarsjen. Oft it no rock, pop of lústerferskes binne, it komt allegearre oan bod. Boppedat biede we mei it programma ek in poadium foar nij talint." Dêrneist fertelt Eric de ferhalen efter de muzyk. "Ik fyn it wichtich om de muzykleafhawwer mei te nimmen yn de muzyk en ek de ferhalen dêr omhinne."

Neist de twa fêste nije programma’s binne der ek meardere 10-minuteprogramma’s te sjen west by Omrop Fryslân yn 2018.

Froulju fan Fryslân
Who run the world? Girls! Yn it 10-minuteprogramma Froulju fan Fryslân seis gewoane, mar dochs hiele bysûndere Fryske froulju. Harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân hawwe yn 2018 froulju foardrage. Hokker Fryske frou is sa bysûnder, ûnmisber of ynspirearjend dat sy wol in stânbyld fertsjinje? Yn de searje Froulju fan Fryslân seagen we de seis froulju dy’t úteinlik in echt stânbyld krigen. Alle seis froulju hiene wol wat bysûnders.

Buorkje foar begjinners
Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' gie Emiel Stoffers tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy gie nei in grut ferskaat oan buorkerijen. Akkerbou, feeboer, skiep, geiten, alles kaam foarby. Buorkje foar begjinners wie in grut sukses, foaral op ynternet waard it programma tige goed besjoen. Op social media kaam in grut tal reaksjes binnen op de útstjoeringen.

It Wetterskip
Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Fryslân wurdt beskerme troch seediken en polderdiken. Wetterskip Fryslân, it âldste bestjoersorgaan fan Fryslân, soarget dat we ús fuotten drûch hâlde troch sterke diken. Want it klimaat feroaret, de seespegel stiicht, we krije mear delslach en mear drûchte. Alle jierren jout it Wetterskip sa'n 140 miljoen euro út om Fryslân drûch en it wetter op peil en skjin te hâlden. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen seach Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.

(advertinsje)