Maatskiplik belang

“Ik sjoch it as in ideële taak fan de publike omrop om in wjerspegeling te jaan fan wat him hjir yn de provinsje ôfspilet en wat der ûnder de minsken libbet. Ien kear yn it jier ferbine we ús as Omrop dêrom oan in goed doel, mei in temawike. Dat is begûn mei de aksje foar Voedselbank. Dat wie sa’n grut sukses dat we dat in jier letter nochris dien ha. Sûnt dy tiid sjogge we jierliks nei wat in aktueel tema wêze kin dêr’t we ús oan ferbine wolle."

"We fernimme dat der by in hiel soad goede doelen ferlet is fan mear bekendheid oan harren bestean. Wat dogge se, foar wa binne se der en wat ha se nedich om harren wurk dwaan te kinnen? Dat smyt net allinne nijsgjirrige ferhalen op, mar faak ek nijsitems dy’t we oars net sa gau útljochtsje soenen. We keppelje sifers en data oan eftergrûnen, nijs en ferhalen en sa kinne we yn sa’n temawike ien ûnderwerp fan alle kanten beljochtsje. De wurdearring en belutsenheid fan it publyk nimt dêrtroch ta, sawol by de Omrop as it oanbelangjende doel. It is moai datst soks dwaan kinst as Omrop, sa hawwe we der allegear wat oan.”

Janjelle Ringnalda, einredakteur by Omrop Fryslân 

(advertinsje)