Omrop Fryslân op lokaasje

De Flaeijelfeesten, Racing Expo, Heechspanning, Befrijingsfestival, Simmerdeis, Fryske top 100. Samar in greep út de live útstjoeringen dy’t Omrop Fryslân dit jier die.

“Wy wolle graach ús publyk moetsje en mei se yn petear gean. Dêr binne lokaasje-útstjoeringen by útstek geskikt foar,” sa seit radio-koördinator Jan Dirk de Haan. “Op lokaasje kinst hiel moai sjen litte wat wy eksakt dogge. It is eins in ‘kijkje in de keuken’ watst joust en dat fyn ik foar Omrop Fryslân hiel belangryk.”

De Flaeijelfeesten wiene foar Jan Dirk in moai en geskikt evenemint foar Omrop Fryslân: “Dy is my wol bybleaun fan ôfrûne jier ja. It evenemint stie al langer op ús winskelist en it hat hiel goed útpakt. We hawwe it programma Hea! der ek by belutsen en dat wie echt in gouden idee.”

“Friezen witte faaks wol dat Omrop Fryslân der is, mar witte net eksakt wat wy dogge. Dat wolle wy hjirmei berikke.”

(advertinsje)