LF2018 as jierprojekt

Ljouwert-Fryslân 2018 begûn foar Omrop Fryslân al fier foar 2018, mei Finster op Fryslân, in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. “It projekt hat kânsen jûn foar in hiel soad nij jong talint en foaral de einshow by de ôfsluting fan LF2018 wie in goed foarbyld fan gearwurking tusken de ferskillende Fryske media”, fertelt Wendy Kennedy, as sjoernalist nau belutsen by LF2018.

“Wat my echt bybleaun is, is de sfear yn de sted, en hoe’t yn earste ynstânsje skeptyske mieningen omslein nei entûsjasme en ienheid. Fryslân is groeid fan LF2018, sterker wurden, folwoeksener, it hat bydroegen oan de ekonomy, it toerisme, de leefberens." 

"Der hat safolle fraach west by Omrop Fryslân nei omtinken foar alle aktiviteiten, it wie goed te fernimmen dat we der ta dogge. We hawwe de oandacht goed ferdiele kinnen troch ûnderskied te meitsjen tusken nijs, eftergrûnen en entertainment. It hat in hiele grutte 'boost' jûn oan de oandacht foar kultuer by Omrop Fryslân." 

"Foar myn gefoel is it noch lang net dien en hâldt it ek noch lang net op. As sjoernalist is der noch genôch te dwaan as it giet om kultuer en de neisleep fan 2018. It is saak om der as Omrop boppe-op sitten te bliuwen.”

(advertinsje)