Annet Huisman oer de ynpakt fan: de Joadske Brulloft

"Nea tocht dat ik nochris in film meitsje soe oer de Holocaust. Oer twa jonge Joadske minsken, Mimi Dwinger út Ljouwert dy't yn 1939 trout mei Barend Boers yn de synagoge fan Ljouwert en trije jier letter beslút om mei him te flechtsjen foar deportaasje.

Myn kollega Auke Zeldenrust kaam dit ferhaal begjin 2017 op it spoar en skreau der in boek oer. Ik seach drekt in filmreis foar my, mei de trije bern fan dit echtpear, om de reis fan harren âlders te rekonstrueren en op 'e nij te belibjen. Want, fan de tûzenen Joaden dy't yn Europa op 'e flecht wiene, binne net folle ferhalen sa goed dokumintearre as it ferhaal fan Barend en Mimi, dat in libben lang yn in koffer op souder ferburgen lein hie.

Sa'n plan betinke is ien ding. It dwaan in oar. Want sjogge de "bern" -se binne no allegear rûn de 70 jier- dit sitten? En hoe dogge je soks? Foar't we yn septimber 2017 op reis gean, ha ik in heal jier fan research en tarieding efter de rêch. Kameraman Gerko Jonker is deryn in grutte stipe.

It resultaat, in 4-dielige rige wurdt rûnom 4 maaie 2018 útstjoerd. De premjêre hâlden we yn de âlde synagoge fan Ljouwert op 18 april. In emosjoneel momint, it is de troudatum en troulokaasje fan Barend en Mimi Boers. De seal sit for mei belangstellenden, mei de bern, de bernsbern, ûnderdûkfamylje en oare Joadske kunde út it hiele lân. André Boers, de soan dy't yn Israël wennet, hâldt in yndrukwekkende speech. Earst wie hy foaral mei de holle belutsen by dit projekt, mar úteinlik skuort de reis him ûnferbiddelik it ferline yn. "Ik realiseer me na deze reis dat ik ben opgegroeid in de schaduw van de hel.", seit André dan ek yn de film. It is it grutte tema fan de twadde generaasje.

Boargemaster Ferd Crone is in waarm supporter fan dit projekt. Yn syn 4 maaie taspraak van 2017 én 2018 neamt hy it ferhaal fan dizze famylje Boers en "de Joadske Brulloft. De orizjinele troufilm fan 1939 dy't yn de koffer op souder siet, giet viral. Ek foar Ljouwert is it in unike fynst. It is it ienichst bewegend byld fan de Joadske mienskip fan de stêd. In mienskip dy't sa goed as útmoardde is en nea wer werom komt. It Fries Film Archief krijt de film fan de famylje yn behear yn harren kolleksje.

Ein 2018 meitsje ik fan de 4 dielige TV rige in film fan oardel oere. Hy wint de priis foar de bêste dokumintêre op it Noordelijk Film Festival. Yn 2019 wurdt hy nominearre foar in NL Award, de prizen foar de regionale omroppen. Oeral wêr't de film draait, op Flylân, yn Tresoar, yn it Holocaust Museum yn Amsterdam, rekket de film haren publyk en folget er in moai petear nei de tiid.

Sa'n grut projekt wie net mooglik west sûnder de help fan in tal fûnsen en oare finansiers. Mar mei hjirtroch hawwe we in film meitsje kinnen dy't in belangryk en frijwat ûnbekend stik fan ús skiednis fertelt oan de hân fan in persoanlik ferhaal. De film is oanmeld foar in tal bûtenlânske filmfestivals, sadat sa folle mooglik minsken it ferhaal van Barend Boers en Mimi Dwinger en harren bern sjen kinne. In spin-off ôflevering fan de Joadske Brulloft (oer de wetsrollen fan de synagoge dy't yn de oarloch yn Berltsum ûnderbrocht binne) wurdt op it momint fertaald yn it Hebreeuws.

It is it grutste, meast komplekse en meast yndrukwekkende projekt dat ik foar Omrop Fryslân meitsje mocht. De Omrop hat altyd achter my en achter dit projekt stien, en dat hat him útbetelle.

Sûnder te pochen: ús regionale omrop levere hjirtroch in ferhaal ôf fan wrâldnivo."

(advertinsje)