Watst net sjochst by Hea!

Ek by Omrop Fryslân binne der wolris bloopers, dy'tst net te sjen krigest op telefyzje. Sa ek by it programma Hea!, fertelt programmamakker Gerlof Kolk.

Lykas dy kear dat Gerlof yn de neisimmer fan 2018 op in skûtsje siet dy't om gie. "It skûtsje gie skever en skever en doe kaam it momint dat ik tocht: blikstiender, dit komt net goed!" Gerlof koe him noch aardich fêsthâlde oan de relling. "De kameraman seach ik mei kamera en al yn it wetter ferdwinen." Gelokkich rûn alles goed ôf en wie gjinien slim ferwûne, mar de skrik siet der goed yn. "Werom by de Omrop waard ik fuortendaliks strikt foar nijsrepo's en bydragen. Sa kaam it dan ik pas dêrnei omseach nei it kamerakaartsje. It like der yn earste ynstânsje ek wol op dat it kaartsje noch yntakt wie." Gerlof besocht it materiaal op de kompjûter te setten, mar dat slagge net fuortendaliks. It hiele trajekt is foarbykaam, kamerakaartsje yn de riis, drûgje mei in föhn, hiel hurd blaze en ta beslút is it kaartsje noch nei in spesjaal bedriuw dy't him meastentiids mei dit soarte saken rêde kin. It mocht allegear net bate. Al it materiaal wie ferdwûn. "It hiene spektakulêre bylden wêze kinnen, mar spitigernôch wie alles te wiet wurden. Al is it alderbelangrykste fansels dat gjinien slim ferwûne rekke is."

"Doe waard it my dúdlik dat dit écht net sa rûn as dat de bedoeling wie."

Dan wie der noch it momint dat Gerlof 10 oeren op 'en paad wie foar neat. "It wie sa moai regele, wy mochten oanwêzich wêze by in rêdingsoefening fan in groep waadrinners. Super spektakulêr, want der soe sels in SAR helikopter by belutsen wurde." Gerlof en kameraman waarden per boat nei it plak fan de rêdingsaksje brocht, de groep waadrinners gie rinnende. Op it plak fan de rêdingsaksje soe de groep inoar moetsje. "Fan te foaren hie ik betocht dat it miskien wol leuk wêze soe om ien fan de waadrinners in go-pro te jaan, sa soenen wy ék dy bylden brûke kinne." Dus, zo gezegd zo gedaan. Gerlof en kameraman stapten op de boat en de groep waadrinners stapten it slyk yn op nei it plak fan bestimming. "Doe't wy mei de boat oankamen op in plak op it waad seach ik de groep waadrinners in pear 100 meter fierderop stean. De kommunikaasjeman dy't mei ús op 'en paad wie waard wat senuweftich en begûn ferskate kearen te beljen." Gerlof hie der gjin goed gefoel oer mar wachte rêstich ôf. De kommunikaasjeman krige in telefoantsje fan de SAR-piloat mei de opmerking dat sy no wol echt ta aksje komme moatsten en net mear op ús wachtsje koenen. "Doe waard it my dúdlik dat dit écht net sa rûn as dat de bedoeling wie. De boat dêr't wy op sieten koe net tichterby de groep waadrinners komme yn ferbân mei de ûndjipte. Op in pear 100 meter ôfstan seagen wy alles barren, mar wy koenen der net by komme." Letter die bliken dat de go-pro it hielendal net dien hy, doe't de man yn it wetter stapte gie de go-pro út. Dus ek dat materiaal wie net beskikber. Uteinlik gie alles wat misgean koe mis en is gjin minút oan filmmateriaal útstjoerd.

(advertinsje)