Gearwurking: foar ferdjipping, effisiensy en in grutter berik

Gearwurking tusken omroppen en ferskillende media is der hieltyd faker en yn in hiel soad ferskillende foarmen. De iene kear sichtber, in oare kear op de eftergrûn. Dy gearwurking wurdt hieltyd faker socht, en dat is net foar neat. Einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân fertelt der oer en leit it út.

“It skûtsjesilen dat by Omroep MAX te sjen is, is in moai foarbyld fan gearwurking. Ynstee fan dat Omroep MAX sels oan 'e slach giet, binne wy as Omrop Fryslân eins de produsint foar Omroep MAX. Wy meitsje dat programma, en sy stjoere it út. Wy hawwe de measte kennis fan de ynhâld en hoe ast dat registrearje kinst, dêr meitsje sy gebrûk fan by de gearstalling fan it programma. Sy leverje in presintator en einredakteur en sa is it Skûtsjesjoernaal dat sy útstjoere in echte gearwurking. Eins kinst sels sprekke fan in trijehoeksferhâlding, want it is in gearwurking mei MAX én de SKS.”

Utwikseling mei de NOS
“We wurkje ek yntensyf gear mei de NOS. We wurkje yn itselde nijssysteem en dêryn wikselje we items út, sawol foar radio, telefyzje as ynternet. We freegje elkoar al net iens mear om tastimming. We krije ek wolris de fraach fan de NOS om by in ûnderwerp in fraach yn it Hollânsk beäntwurde te krijgen, Sadat sy it brûke kinne op it lanlike sjoernaal. De Omrop en alle oare regionale omroppen binne sa substansjele nijsleveransiers foar de NOS. Oarsom sjochst dat in registraasje fan de swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden troch de NOS dien wurdt, wy meitsje dan wer gebrûk fan harren bylden.”

"As wy ferdjipping realisearje wolle, dan moatte we as regionale omroppen gearwurkje om effisjinter te wurkjen."

“Dan binne der ek noch de regionale omroppen dêr’t we in soad mei gearwurkje. It NK maraton reedriden, dat registrearren we mei RTV Noord en RTV Drenthe. We brûke net allinne elkoars bylden, we brûke ek elkoars materiaal en fasiliteiten. Sa kin it wêze datst de útstjoerwein fan Omrop Fryslân yn Grinslân tsjinkomst, of in kamereman fan RTV Noord by ús. It noardlik ferkiezingsdebat, makken we ek mei syn trijen en is lanlik útstjoerd. Allinne krijst dat net foar elkoar, dat is wat sjochsifers oanbelanget net ynteressant. Yn gearwurking kin soks wol. Mei syn allen kinst no ien kear mear jild frij meitsje as allinne. Sa is der in ûndersykssjoenalist aktyf foar fjouwer ferskillende regionale omroppen. Allinne kinst it net, mar mei elkoar kinst romte kreärje foar ûndersykssjoenalistyk. As wy ferdjipping realisearje wolle dan moatte we as regionale omroppen gearwurkje om effisjinter te wurkjen.”

Elkoar fersterkje en it publyk better betsjinje
“Mar gearwurking komst op folle mear plakken tsjin. Op 5 maaie is der in gearwurking mei it Bevrijdingsfestival; op de Admiraliteitsdagen streame we it muzykprogramma tegearre mei RTV NOF; foar Fryslân DOK en de 10-minuteprogramma’s wurkje we gear mei eksterne produsinten; de IepenUp debatten yn Neushoorn; ynsidintele gearwurking mei de beide kranten yn Fryslân of mei in lokale omrop. Sa hawwe we it keatsen yn gearwurking mei radio Eenhoorn útstjoere kinnen. Wy binne der foar it Fryske publyk. As wy as media elkoar sa fersterkje kinne, kinne we dat publyk noch better betsjinje.”

(advertinsje)