Warning message

Inzenden van dit formulier is niet langer mogelijk.

IIswike by Omrop Fryslân

It is al wer in skoft lyn dat wy yn Fryslân in perioade belibbe hawwe mei sterk iis. De temperatueren binne simpelwei te heech: moai iis wurdt dan lestich. Mar it langstme by de Friezen bliuwt grut: de iisbanen iepen, de fearten ticht, de redens ûnder, der op út! Dêrom is it, wat de temperatueren ek binne, fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2020 iiswike by Omrop Fryslân! Benijd wat we allegear dogge? Lês it hjir!

En Omrop Fryslân soarget dat de bern - hoe dan ek - op redens komme! Doch mei oan ús aksje en meitsje kâns op in keunstrydbaan.

  • Wannear: Sneon 1 febrewaris, middeis tusken 13.00 en 17.00 oere
  • Wat: In keunstrydbaan fan 10 by 15 meter mei redens en iismaster
  • Foar: Bern mar ek foar folwoeksenen

Jou dysels, dyn húshâlding, dyn skoalle, sportklup, buertferiening op mei ûndersteand formulier.

Fan moandei 27 jannewaris oant en mei freed 31 jannewaris kieze wy alle dagen ien nominaasje. Dy wurdt bekendmakke yn Weistra op Wei. Wa't de iisbaan wint, wurdt freed 31 jannewaris bekendmakke, yn datselde programma.

Sjoch hjir foar de aksjebetingsten.

(Advertinsje)