Iepen Up

Miskien hast se wol sjoen, de minsken fan Iepen UP. Se ‘brutsen yn’ by de offisjele presintaasje fan Leeuwarden-Fryslân 2018, ôfrûne tiisdei yn Ljouwert en rôpen elkenien op om mei te praten. Mar wêroer, wannear en wêrom? Jacco de Boer, ien fan de minsken achter Iepen UP fertelt deroer.

Wat is Iepen UP no krekt?

“Iepen UP komt fuort út it bidbook fan Kulturele Haadstêd 2018 dêr’t de mienskip sintraal yn stiet,” fertelt Jacco de Boer. Hy is ien fan de minsken achter Iepen UP. “We wolle saken dy’t yn de maatskippij spylje op de kaart sette, net inkeld kultureel mar benammen ek op sosjaal-maatskiplik mêd. En dêrby giet it benammen om it moetsjen fan oare minsken. It giet om kennis, debat en moeting. Datst ek minsken trefst dy’t in oare miening ha en dat elk dochs nei elkoar harket. Dizze foarm is folslein nij yn Fryslân. We wolle mei dizze opset mear de breedte yn en mear minsken berikke as by in reguliere lêzing. We binne net benaud foar diskusje, mar it is ek flot, leuk en  gesellich.”

Foar wa is Iepen UP?

“We rjochtsje ús op de jongere minsken, mar dat is by ús in rom begryp, sis mar elkenien ûnder de fyftich jier. By reguliere lêzingen komt meast in âlder publyk en hâldt de sprekker in ferhaal en kinne der wat fragen steld wurde en nei ôfrin drinkt elk in wyntsje ûnder fel TL-ljocht. Wy wolle krekt net sok ienrjochtingsferkear, mar dat elkenien meitinkt en foaral ek meipraat. We sitte bygelyks oan lange biertafels, dan sitst al deun op elkoar en hast gauwer kontakt mei dyn buorman of buorfrou. Dat makket it ek makliker. Dêrom ha we der ek foar keazen om yn Neushoorn Café te sitten, dat is in sintraal plak dêr’t jongeren al komme, kinst sa nei binnen ta, it is leechdrompelich. We wolle graach dat der diskusje yn de seal ûntstiet. Ien kin syn skoalle net ôfmakke ha, mar wol streetwise wêze en doel ha oer in ûnderwerp. In soad minsken sitte tsjintwurdich yn har eigen bubbel, troch de moeting kinst oare mieningen hearre.”

Wêr giet Iepen UP oer?

“We prate oer ûnderwerpen dy’t spylje yn de maatskippij. Kommende woansdei ha we it oer Mediwiet, in aktuele kwestje. In soad minsken brûke it guod, mar de offisjele ynstânsjes lykas soarchfersekerders en aptekers litte it links lizze. Om’t it net oppakt wurdt, dogge de minsken it sels en komt der fan ûnderen op in beweging op, dat is nijsgjirrich. Oer twa wiken dogge we wer hiel wat oars, want dan prate we oer muzikale suksesbands út Dokkum. Hoe kin it dat no ynienen muzikanten út dy regio komme dy’t it it hiel goed dogge en oeral optrede? We prate oer talintûntwikkeling en der is fansels muzyk. Op 22 novimber, de dei fan de gemeenteriedsferkiezingen, ha we it oer froulju yn de polityk. Lêsten wie de oprop om op in frou te stimmen, is soks noch nedich yn dizze tiid?” It programma duorret in oere oant fiif kertier. “Om’t we net fêst sitte yn in telefyzjeformat ha we wat mear tiid en kinne we minsken útprate litte.”

Kin ik ek meidwaan oan Iepen UP?

“Iepen UP Live is elke twa wiken op woansdeitejûn (tusken 20:00 en 21:30 oere) yn Neushoorn Café yn Ljouwert. Dêr is elkenien wolkom. We meitsje der alle kearen in moaie jûn fan, der is ek altyd muzyk.”

Wannear is Iepen UP slagge?

“As de hut alle kearen fol sit!” Yn it kafee kinne hûndert minsken sitte. “In jûn is slagge as de minsken dy’t we foar it ûnderwerp útnûge ha nei ôfrin tefreden binne. Lêsten hienen we it oer games en dy man sei dat it hielendal goed wie. It kin ek bêst wêze dat we sels nijs meitsje, we stelle ommers saken út de maatskippij oan de oarder. Fan al dy kearen dat we it organisearje sil dat grif wolris foarkomme. Mei de Re-Opening, oan de ein fan it jier fan Kulturele Haadstêd, komme we mei resultaten, net inkeld besikersoantallen, mar hooplik ek dat we in pear kear nijs makke ha dat ynslacht as in bom. Mar it leafst wolle we fansels dat Iepen Up sa goed wurket dat minsken sizze dat we it ek nei 2018 hâlde moatte.”

Wêr kin ik Iepen Up Live folgje?

Iepen Up Live is woansdeitejûns live te sjen by www.omropfryslan.nl/iepenup. Sjoch ek op www.facebook.com/iepenup foar filmkes en oankundigingen.

(advertinsje)