Kollumersweach - "Yn tiid werom"

  • Kollumersweach - "Yn tiid werom"

"Yn tiid werom" is it nije iepenloftspul fan Masquerade Theater. It stik is in spannende humoristyske detective en spilet him ôf in de jierren '20. It giet oer jazz-sjongeres Rita Kooyenga-Deutekom. Har man, Mors Kooyenga, is dea, moarsdea. Rita hat mei har komponist Piebe Bakker in earbetoan oan har man skreaun. Se wol hjirmei har comeback meitsje mei har band Rita en de Rakkers. 

Der giet lykwols wat mis. Rita fielt har net goed. Gelokkich is dokter Jemme Frisius derby; hy kin earste help ferliene. Komt it wer goed mei Rita? Wurdt it riedsel oplost of bliuwt it in mystearje?

Spyldata

  • Freed 1 july
  • Sneon 2 july
  • Freed 8 july
  • Sneon 9 july
     

Mear ynformaasje oer "Yn tiid werom" is te finen op harren webside. Of lês de resinsje fan de Ljouwerter Krante.  

(advertinsje)