Aldemardum - "Reboelje yn Gaasterlân"

  • Aldemardum - "Reboelje yn Gaasterlân"

Tsjustere grize wolken hingje boppe Gaasterlân. Der moat in nije keninginne of kening komme om Gaasterlân wer op ’e rit te krijen.

Johanneke Gaaikema is de grutte kânshawwer. Se seit de ynwenners fan Gaasterlân romte, wurk, jild, leafde en lok ta. Mar hoe betrouber is se? En dan Jan van Swinderen, de ‘God fan Gaasterlân’, wat docht hy? Kin hy de krêft fine om nei it ferstjerren fan syn frou de kop derby te hâlden?

"Reboelje yn Gaasterlân" is in histoaryske fabelachtige foarstelling oer eangst en leafde. Litte we ús liede troch de eangstmaatskippij fan tsjintwurdich, of omearmje we de leafde en brûke we dy as wapen?

Spyldata

  • Tongersdei 26 maaie (premjêre)
  • Freed 27 maaie
  • Sneon 28 maaie
  • Woansdei 1 juny
  • Freed 3 juny
  • Sneon 4 juny

Mear ynformaasje oer "Reboelje yn Gaasterlân" is te finen op harren webside

(advertinsje)