Jorwert - "Londen ‘68"

It Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier Londen ’68. ‪It stik spilet him ôf yn 1968, yn Londen. Rita O’Grady wurket, lykas in protte minsken út de stêd, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Dagenham. Neist de tûzenen manlike wurknimmers steane der ek 187 froulju op de leanlist. Mar wêrom, freget Rita har ôf, krije de manlju mear betelle? Is it om’t it manlju binne?

Rita wurdt it gesicht fan de froulju dy’t yn opstân komme om in ein te meitsjen oan dizze brike ferhâlding. Wat folget is in striid dy’t in weareld fan ferskil meitsje sil foar de rjochten fan froulju. ‪Londen ’68 is in humoristyske, eigentiidske teatrale werjefte fan de striid dy’t froulju yn it Londen fan 1968 oangiene. In slach dy’t de wrâld feroare.  

Spyldata

  • Tongersdei 25 augustus (Try-out)
  • Freed 26 augustus (Jorwerterjûn)
  • Sneon 27 augustus (Premjêre)
  • Freed 2 septimber
  • Sneon 3 septimber
  • Tiisdei 6 septimber
  • Tongersdei 8 septimber
  • Freed 9 septimber
  • Sneon 10 septimber
  • Freed 16 septimber
  • Sneon 17 septimber
  • Tongersdei 22 septimber
  • Freed 23 septimber
  • Sneon 24 septimber (+ Livemuzyk)

Mear ynformaasje oer "Londen '68" is te finen op harren webside

(advertinsje)