De Himrik - 'Lang en Lokkich'

  • De Himrik - "Lang en Lokkich"

Om lang en lokkich te libjen is it somtiden better om ôf te dwalen fan gongbere paden. 'Lang en Lokkich' is in hilaryske famyljefoarstelling fan twa klassike mearkes dy’t op wûnderlike wize trochelkoar mjukst wurde; in parade oan bekende mearkefigueren. Mar neat is wat it liket, en alles rint krekt oars ôf as dat we wend binne.

Jiskepûster wurdt lytsachte troch har net te prûmkjen styfsuskes Paris en Hilton, Readkapke hat in relaasje mei de grutte boaze wolf dy’t wrakselet mei syn imago en prins Roderick van Oranje Nassaukade wurdt troch syn mem úthoulike. En dan berikt alles in hichtepunt op  it Grutte Bal.  

Spyldata

  • Woansdei 25 maaie (premjêre)
  • Freed 27 maaie
  • Sneon 28 maaie
  • Woansdei 1 juny
  • Freed 3 juny
  • Sneon 4 juny
  • Woansdei 8 juny
  •  

Mear ynformaasje oer 'Lang en Lokkich' is te finen op harren webside

(advertinsje)