Wergea - "De Suvering"

De Amerikaanse comedy film fan de bruorren Joel en Ethan Coen út 2000 “O Brother, Where Art Thou?” tsjinnet as basis foar it iepenloftspul "De Suvering". De troch Homerus fêstleine omswervingen fan Odysseus wurde noch ris oer dien yn Mississippi, Amerika anno 1937.

Trije finzenen ûntsnappe it gefang en gean op syk nei de skat dy’t ien fan har trijen bedobbe hat. Se ha mar in pear dagen de tiid om de skat werom te finen, want de fallei dêr’t it leit sil gau, fanwegen it ôfdamjen fan de rivier, folrinne mei wetter…  

Spyldata

  • Woansdei 15 juny
  • Freed 17 juny
  • Sneon 18 juny
  • Woansdei 22 juny
  • Freed 24 juny
  • Sneon 25 juny

Mear ynformaasje oer "De Suvering" is te finen op harren webside. Of lês de resinsje fan de Ljouwerter Krante.  

(advertinsje)