Easterwierrum - "De Geast fan Spultsjelittens"

Oan 'e râne fan Hopbilstergryp leit in nuver stikje braaklân. Der soe in nijbouwyk komme, mar it jild wie op, dus it gong net troch.De gemeente is der in bytsje mei oan, mar de bern fan Hopbilstergryp net. Dy hawwe fan Spultsjelittens (sa soe de nijbouwyk hjitte, neamd nei it âlde boerespultsje fan Alde Klaas en Fardou dat der earst stie) in geweldich boartersplak makke. Wat minder earne is, wat mear de fantasy de romte krijt.

Is dat de geast fan Spultsjelittens, dy ûnferwachte útbraak fan fantasy by al dy bern? Want it is in magysk plak, de ideeën dûkelje oer mekoar hinne! Wat in fantasy ha se, de bern fan Spultsjelittens. Boartsje sille se, oan ien wei troch!

Allinne Potter, dy hat gjin fantasy. Hy falt der in bytsje bûten. Hy mei al dy spultsjes net lije. Hy is ek de iennichste, dy't it net hielendal fertrout as buorman Boer Agema syn each op Spultsjelittens falle lit. Mar as de geast fan Spultsjelittens ynienen oer Potter komt, krije wy it bysûndere ferhaal te hearren fan Alde Klaas en Fardou en har spultsje...en hoe 't se har fertroude plakje yn Hopbilstergryp ferlearen.

Spyldata

  • Tongersdei 16 juny (premjêre)
  • Freed 17 juny
  • Snein 19 juny
  • Woansdei 22 juny
  • Freed 24 juny
  • Sneon 25 juny

Mear ynformaasje oer "De Geast fan Spultsjelittens" is te finen op harren webside. Of lês de resinsje fan de Ljouwerter Krante.  

(advertinsje)