Burgum - "De Dwerskop"

  • Dwerskop

Folmer Veenstra rint nei de santich, hat noait troud west, hat noait grut boer west, hat kânsen mist, en dat hat syn libben bepaald. Hy wie net tûk genôch doe’t it molkekwotum ynfierd waard. Hy wie net tûk genôch om it te ferkeapjen, doe’t it noch koe en ek net tûk genôch doe’t se kamen om syn lân oan te keapjen foar de Sintrale As. Hy fersmiet it bod op syn lân en doe’t it stik ûnteigene waard, krige er der folle minder foar.

Dat er net tûk genôch west hat yn syn libben, dat is him eins no pas dúdlik. Hy hat de neilittenskip fan syn âlden en foarâlden net goed beheard, hy hat faalt as boer en is der ek net yn slagge in frou te krijen, lit stean bern.

Mar it is noch net te let, hy sil in die stelle. As it akwadukt klear is, as de festiviteiten hast begjinne sille, dan wol er rjocht dwaan oan syn pake, oan syn heit en oan himsels. Hy beset it akwadukt. De haadoannimmer en amtners komme lâns om him te bepraten, famylje en freonen ek. Mar nimmen kin him op oare gedachten bringe. Dan komt Maaike van der Heide lâns, syn âlde jeugdleafde. Dochter fan de famylje dêr’t de Veenstra’s generaasjes lang striid mei hawwe.

Spyldata

  • Tongersdei 1 septimber
  • Freed 2 septimber
  • Sneon 3 septimber
  • Tongersdei 8 septimber
  • Freed 9 septimber
  • Sneon 10 septimber

Mear ynformaasje oer "De Dwerskop" is te finen op harren webside

(advertinsje)