Goeiemiddei

Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten. Wy binne tige nijsgjirrich wat dy dwaande hâldt, sa freegje wy alle dagen asto in kreative link betinke kinst foar in plaat by in berjocht.

Alle dagen dogge wy in moaie priis yn de ferrastas. Dy kinst winne troch mei te dwaan oan ien fan de spultsjes op it nije prizerêd. We hâlde de spanning deryn foar dy, en foar ússels. Want wy witte ek net watfoar spultsje wy draaie.

Doch mei oan de spultsjes: 

  • Taalbarriêre: Herkensto it ferske dêr't wy in stikje tekst fan yn it Frysk oerset ha?
  • Oars-om-om: In bekende hit dêr't wy in stikje ferkeardom hearre litte, witsto hokker hit?
  • Ried wêr't er stiet: Stedsomropper Harmen de Vries fan Drylts stiet yn in doarp of stêd yn Fryslân. Snapsto de oanwizing?
  • Frysk ferfrommele: In Frysk ferske dat wy ferknipt ha. Mar hearsto it noch wol?
  • Wa sei dit?: Fan wa is de ferneamde Fryske stim?

Hasto in moaie spreuk? Fertel 'm ús! Wa wit hearst dyn spreuk werom yn it programma Goeiemiddei. 

Benijd nei ús oare programma's op de radio? Sjoch en lês it hjir!

Presintaasje: 
Diana de Groot & Johan Terpstra
(Advertinsje)