Gewest Fryslân 2018

Gewest Fryslân komt yn 2018 wer werom nei mar leafst 30 nije útstjoerings. Besjoch hjir no al alle útstjoerings foardat se op telefyzje west hawwe. Yn Gewest Fryslân lit Omrop Fryslân reportaazjes sjen dy't it nasjonale programma Van Gewest tot Gewest sjen litten hattusken 1965 en 2004. 

(advertinsje)

Gewest Fryslân: jannewaris

6 jannewaris 2018 - Mei û.o. dit: Yn 1996 litte de freonen en lêzers fan de Schaduw-skriuwer Hans van der Kallen (Havank) de minsken troch Ljouwert kuierje oan de hân fan Havank syn 25ste boek "Circus Mikkenie". Hoe seach dy kulturele haadstêd der goed 20 jier lyn út?

13 jannewaris 2018 - Mei û.o. dit: Van Gewest tot Gewest hie yn 1970 noch gjin weet fan dat it Frysk Orkest úteinlik ferdwine soe. Doedestiids wie it noch hiel populêr. Benammen it muzykûntwikkelingsbelied hie in soad respons. It Frysk Orkest yn syn hear en fear fan doe.

20 jannewaris 2018 - Mei û.o. dit: Yn 1969 waard de Lauwerssee in mar. En yn 1973 makke Van Gewest tot Gewest in reportaazje oer hoe't dy mar en wat der omhinne lei, derút sjen moatte soe.

27 jannewaris 2018 - Werhelling fan 6 jannewaris, dit yn it ramt fan de iepening fan KH2018.

Gewest Fryslân: febrewaris

3 febrewaris 2018 - Mei û.o. dit: De allerearste Strontrace fan Warkum nei Warmond wie yn 1974. En fansels wie Van Gewest tot Gewest dêr doe by. Betinker en organisator Reid fan Warkum fertelt dat we wol begripe moatte dat wyn fergees is. 

10 febrewaris 2018 - Mei û.o. dit: In moaie reportaazje fan goed 20 minuten oer it doarp De Westereen yn 1971. De Westereenders fertelle oer de foaroardielen fan oare minsken oer de Westereenders: it soene messestekkers wêze. Nee, seine se, we binne gjin kriminelen. 

17 febrewaris 2018 - Mei û.o. dit: Tsjintwurdich wurde in hiel soad boeren biologysk. Yn 1982 wie dat noch net massaal. Mar yn 'e buert fan Wommels wiene se doe te finen. Dat soarge fansels foar in reportaazje mei alle kanten en einen fan Van Gewest tot Gewest.

24 febrewaris 2018 - Mei û.o. dit: De krimp soarget foar in soad fúzjes fan basisskoallen yn Fryslân. Dat giet no wat nofliker as dat it yn 1983 yn Bantegea gie. De oarloch en frede fan dat proses yn in reportaazje. Doe't de skoalle fan start gie, wie noch net elk it der oer iens dat it goed wie. 

Gewest Fryslân: maart

3 maart 2018 - Mei û.o. dit: In fersekering foar skippen kin, hielendal op Skylge, wol nedich wêze. Mar in fersekering dêr't de dielnimmers ien kear yn it jier lekker ite en drinke op in gesellige jûn, is wol unyk. Van Gewest tot Gewest fûn yn 1988 skipsfersekering de Buul op East-Skylge. 

10 maart 2018 - Mei û.o. dit: Ut 1980 komt de reportaazje oer it kultuerbelied fan de gemeente Weststellingwerf, dat op dat stuit bot yn diskusje wie. Benammen troch skriuwer Guus Dijkhuizen. 

17 maart 2018 - Mei û.o. dit: Wy binne net Drintsk, we binne ek net Frysk. We sitte der tusken yn mei ús eigen lûd. Yn 1979 wiene de Stellingwarvers noch bot oan de slach om harren taal te bewarjen. 

24 maart 2018 - Mei û.o. dit: Lêsten krige skriuwer Geert Mak in grutte nasjonale ûnderskieding, de oeuvrepriis fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Hy hat echt wat betsjut yn de nasjonale literatuer. It is in heale Fries, mar hy kaam hjir yn byld mei syn boek "Hoe God verdween uit Jorwerd". 

31 maart 2018 - Mei û.o. dit: It moaiste fan Fryslân is neffens de minsken op 't heden it Planetarium fan Frjentsjer. Dat is der al hiel lang, Yn 1981 bestie it al 200 jier. Fansels makke Van Gewest tot Gewest doe in reportaazje. Ek oer festiviteiten fan doe deromhinne. 

Gewest Fryslân: april

7 april 2018 - Mei û.o. dit: 1995 wie it Frysk Festival itselde as dat we no ek as kulturele haadstêd profilearje: 'Salut au monde'. We groetsje de wrâld. Van Gewest tot Gewest tekene doe op hoe't Fryslân soks doe die. Oan de hân fan Tsjêbbe Hettinga, Koos Dalstra, Ids Willemsma en ..... Abe.

14 april 2018 - Mei û.o. dit: Yn 1988 kaam der in Domela Nieuwenhuis útstalling yn it museum op It Hearrenfean. De Verlosser fan it turfgraversfolk. Yn de reportaazje yn dat jier leit Van Gewest tot Gewest út wêrom't it de muoite wurdich wie om dy útstalling te behâlden. Hy sit der noch. Te plak.

21 april 2018 - Spektakulêre bylden út 1993 doe't Van Gewest tot Gewest op besite gie by it dûkteam Ecudor op Skylge. Dy hienen in eigen boat en kluphûs. En twa kameramannen dy't it ûnderseeske wurk dienen foar de Hilversumske kollega's. Yn Eanjum wie yn 1991 in útstalling fan de skilderes Irene Verbeek oer de Lauwersmar. Bart Tromp iepene en Douwe Heeringe besong har. En dêr makke Van Gewest tot Gewest dan wer in smaaklike mjuks fan.

28 april 2018 - Doe't by Van Gewest tot Gewest in nasjonale searje kaam fan dokumintêres oer 'landgoederen', gie Johan van der Zee nei Vredewoud yn Aldeberkeap. Boer Klaas Menger hie dat yn hannen. Hy hie wol 1000 bisten en bistjes. Je wane je yn in bistetún. Witte jim dat der ea in Fryske opera wie, de Jonkerboer? De bylden fertelle it. Se komme út 1967. It wie fansels yn Spangea.

Gewest Fryslân: maaie

12 maaie 2018 - Louis leRoy wie al bekend wurden fan syn wylde tunen op It Hearrenfean en Boalsert. Ien fan syn lettere projekten wie de ekokatedraal yn Mildaam, boud fan guod dat oerbleau by oar wurk. Johan van der Zee makke yn 2000 in reportaazje, mar hat der letter sels ek oan meiwurke.
Ds. Ype Schaaf wie haadredakteur fan it Friesch Dagblad doe’t hy yn 1994 útkaam mei in boekje: Laarzen op de Lange Pijp. Hy beskreau dêryn it libben fan de Joadske buert yn Ljouwert yn de Twadde Wrâldkriich. Van Gewest tot Gewest gie by him op besite.

19 maaie 2018 - Van Gewest tot Gewest makke altyd bylden fan de moaie dingen yn in provinsje. Dan komme je yn Fryslân fansels terjochte by Pier Piersma yn Heech, de bouwer fan tjotterkes. Se mochten dêr it hiele jier tuskentroch wol efkes filmje. En it einiget dan yn 1977 fansels op it wetter fan de Hegemer Mar, silend mei sa’n krekt ferkocht tjotterke.

26 maaie 2018 - Ut 1982 komt de reportaazje oer Sjoerd Kuperus. Dy wenne yn Koudum, mar it wie, nettsjinsteande syn namme, in Amsterdammer. Hy koe echt skitterjende tekeningen meitsje en al is hy dan al frij âld, hy kin der noch wol oer fertelle. Henk de Boer, tsjintwurdich de man fan de penisfontein, rûn yn 1993 ek al tsjin de provinsjale fyzje fan kultuerbelied oan. Hy makke mei gâns oare lju in Requiem oer Fryslân dat himsels ophongen hat oan rekreaasje. Van Gewest tot Gewest registrearre it spektakel.

Gewest Fryslân: juny

2 juny 2018 - Piet Burgers fan De Lemmer kaam út de fuotbalwrâld fan Amsterdam. Mar dan kinne je it net litte en gean ek op De Lemmer mei de fuotballers oan de slach. Alvetallieder yn 1974. Van Gewest tot Gewest folge yndertiid dy warbere, iepene man. Cisca Heere makke yn 1996 prachige poppen, en dy pleatste se yn it Behouden Huys op Skylge yn de opstelling fan de skoalplaten dy’t der eartiids wiene oer de oerwintering op Nova Zembla fan Willem Barentsz. Tetman de Vries krige yn 1969 de Gouden Tulp foar syn wurk dat krekt nei de oarloch begûn wie op it toaniel. In must foar de minsken fan Van Gewest tot Gewest. Douwe Tamminga fertelt dêryn hoe wichtich oft Tetman foar de Fryske kultuer wie.

9 juny 2018 - De keunstrjochting De Stijl fan Theo van Doesburg hat in boaiem yn Drachten. No, mar ek yn 1988, doe’t de Torenstraat Mondriaan-eftich opskildere waard en Van Gewest tot Gewest dat registrearre. Hotze Schuil komt yn aksje yn de reportaazje út 1994 oer it ‘lanenkaatsen’ yn Harns. Net mear as wat gesellichheid. Hotze keatst ek efkes mei; op sandalen. En Frits Spies makke yn Fryslân tige kreative, mar wol allegear yngewikkelde tsjerklike kearsen. Hy waard der sels suver tsjerklik fan. In reportaazje út 1979.

16 juny 2018 - Ien fan de ferneamdste keunstners fan Fryslân wie en is fansels Jerre Hakze. Yn 1993 makke Johan van der Zee in lange reportaazje mei de Ljouwerter. Dy’t besocht hat nei Hollân te gean, mar Fryslân dochs leaver hie. We sjogge in soad fan syn wurken, ek de tastânkomming dêrfan. Van Gewest tot Gewest seach yn 1976 yn Triotel. Dat hiene se tsien jier earder ek al dien, doe’t it oprjochte waard. Dus ek dêr sjogge je wer bylden fan de foarrinner fan it MCL, it Ljouwerter sikehûs.

23 juny 2018 - It blêd Noorderbreedte organisearre yn 2001 in dichtersfestival op Skiermûntseach. Yn soksoarte gefallen skode Van Gewest tot Gewest ek oan. Seach dêr ek Fryske dichters en besocht mear te witten te kommen fan Bartle Laverman, dichter en skilder. Yn 1984 tocht Skylge dat se de Gouden Iuw wer ynkomme kinne soenen. De Skylger takomst wie neffens boargemaster Haaksma dat Skylge syn bestean yn dy haven fine moast mei betonning, fiskerij, rêdingsmaatskippij, kustbewaking en opliedingen. Van Gewest tot Gewest seach alle havenbedriuwskanten.

30 juny 2018 - Yn 1968 seach Van Gewest tot Gewest yn swart/wyt nei it fierljeppen yn Winsum. We sjogge George Valkema 14 meter 21 springen. Op ’t heden geane de ljeppers al oer de 22 meter, alles feroaret. Ek sa yn de noch eardere swart/wyt reportaazje oer it doarp Brantgum dat yn 1966 ien fan syn ferneamdste ynwenners, skilder Ids Wiersma, betocht troch de skoalle nei him te neamen. Kleur komt yn de útstjoering fan dizze sneon as we sjoggge nei ien fan de grutste suksesnûmers fan it ferneamde iepenloftspul fan Jorwert. Anatevka waard spile yn 1995.

Gewest Fryslân: july

7 july 2018 - Samlers sammelje fan alles. Van Gewest tot Gewest folge yn 1999 in sammeljend pear, Petra en Erik Hesmerg. Mar de master yn sammeljen wie fansels Nanne Ottema eartiids. Syn samling sjogge we yn de musea. Yn 1983 spile fuotbalklup Hearrenfean de bekerfinale tsjin Ajax. Hûnderten bussen supporters reizgen mei. De ferwachtingen wiene heech. Van Gewest tot Gewest skôget de foarsizzingen en de útris foar de reis. De 6-2 nederlaach fan Hearrenfean sit net mear yn de reportaazje.

14 july 2018 - Eilannen ha troch de jierren hinne alles der oan dien dat se net inkeld besteane fan strântoerisme. It Amelân organisearre yn 1997 in keunstfestival foar jonge keunstners. Oer it hiele eilân. Van Gewest tot Gewest folge dy útstallingen en optredens. “Ik versta er geen reet van”, seit in besiker fan de popgroep Reboelje yn 1991 yn dizze reportaazje fan Van Gewest tot Gewest. Mar de mannen fan Reboelje lizze út wêrom’t se dochs harren muzyk útfiere yn it Frysk. We hearre se fansels elk spyljen.

1 july 2018 - Hy waard ek wol de God fan de Trynwâlden neamd. Foeke de Jong. Hy boude in fertuteaze âldereintehûs om yn in nij multyfunksjoneel sintrum. Folle mear befolkingsgroepen koenen dat brûke. Van Gewest tot Gewest fertelde it yn 2001. Ids WIllemsma laske yn 1993 in keunstwurk foar Oerterp yn elkoar. It wie nochal grouwélich. De mieningen wiene dan ek ferdield. Van Gewest tot Gewest makke in reportaazje ûnder de skitterjende titel ‘De spits fan Ids’.

28 july 2018 - Yn 1996 krige ek Fryslân hieltyd mear asylsikers. En frege himsels ôf hoe't je it bêste mei elkoar omgean kinne soenen. It kaam út yn de Van Gewest tot Gewestreportaazje ûnder de titel ‘Friesland Kleurrijk’. Al siet der mear kleur yn de asylsikers as yn de Friezen. Fierder út 1969 in reportaazje oer drafsintrum Wolvegea noch foar de fernijing. En yn Suwâld hiene se it idee fan in auto te brûken lykas de wite fyts. Elk soe dy auto brûke kinne, dan kamen der net tefolle. Entûsjasme yn 1996, suver meilijen as je der no nei sjogge.

Gewest Fryslân: augustus

11 augustus: De Stichting Gagelvenne út de Stellingwerven bemuoide him yn 2001 mei natuerfreonlik feehâlden. Van Gewest tot Gewest folge dat en kaam sadwaande op besite by boer Tjerk Hof. Ien fan de boeren fan Gagelvenne. In mânske reportaazje waard it.

Gewest Fryslân: septimber

1 septimber: Mei û.o. dit: Juny 1993 wie de grutte dei foar Piet de Boer fan Oentsjerk. Hy spande 25 (!) Fryske hynders foar syn sjeas. En hie se allegear oan de leie. De reportaazje folget dit wrâldrekôr.

(advertinsje)