Geheimen ûnder de grûn

Omrop Fryslân dûkt mei amateur-argeolooch Robbert Velt de Fryske grûn én histoarje yn. Eltse moanne is der yn Fryslân Hjoed in ôflevering oer te sjen. Oer ûnder mear terpen, staten, stinzen en muntskatten.  

(advertinsje)

De belangrykste Fryske kleasters

Fryslân telde yn de midsiuwen mar leafst fyftich kleasters. Ut dizze tiid binne noch in soad spoaren werom te finen yn'e grûn. Amateur-archeolooch Robbert Velt fynt se geregeld mei syn metaaldetektor. Hjoed ferdjipje we ús mei him yn de histoarje fan ien fan de belangrykste Fryske kleasters, Klaarkamp by Rinsumageast.

De tiid fan de stinzen en ridders

It smoarde yn de midsiuwen yn ús provinsje fan de kastielen en ridders. Allinnich neame wy it yn Fryslân gjin kastiel, mar in stins. Ut dizze tiid binne noch in soad spoaren werom te finen yn 'e grûn. Amateur-archeolooch Robbert Velt fynt se mei syn metaaldetektor geregeld. Yn de rubryk 'Geheimen ûnder de grûn' dûke we hjoed yn de tiid fan de stinzen en ridders...

De muntskat fan Tsjummearum

It is de grutte dream fan elke metaaldetektorsiker: it finen fan in muntskat. Gelokkich wurde der sa út en troch fan ditsoarte skatten fûn. De grutste ea is dy yn 1991 by Tsjummearum. It gie om mar leafst 2800 sulveren munten.

Registraasjesysteem archeology docht fertuten

Yn it nije registraasjesysteem PAN (Portable Antiquities of the Netherlands) steane al sa'n tsientûzen archeologyske fynsten registreard. Doel is om boaiemfynsten fan metaal yn priveebesit op te spoaren en te registrearen. Dêrby falt te tinken oan munten, fibula's en gespen fan foar 1600.

Meiwurkers fan PAN komme by detektorsikers thús om harren fynsten te registrearen, mar se meie ek by PAN regio Noard sels delkomme yn Nuis. PAN is yn 'e hjerst fan 2016 opset troch ferskate universiteiten, oerheden, musea en De Nederlandse Bank. De sammele ynformaasje kin troch de wittenskip brûkt wurde foar ûndersyk.

Skatsiker Robbert oer archeologyske fynsten

Yn Fryslân stienen earder ek in soarte fan kastielen lykas yn Ingelân, se waarden staten en stinzen neamd. Amateur-archeolooch Robbert Velt út Ljouwert jout oan de hân fan âlde fynsten ûnder de grûn ynsjoch yn de tiid fan de staten en stinzen. We folgje him by in gastles op de Maximaskoalle yn Ljouwert foar ús rige oer archeology.

Mei skatsiker Robbert it fjild yn

Wa dreamt der no net fan? It finen fan in skat. De gewaaksen binne de grûn út, dus der kin, mei help fan de metaaldetektor wer socht wurde. De amateur-archeology is populêrder as ea, foaral yn Fryslân. Ek net sa gek fansels, mei al dy hûnderten terpen dy't hjir wienen. Robbert Velt út Ljouwert is sa'n fanatike skatsiker.

Ridders en stinzen

It smoarde yn de midsiuwen yn ús provinsje fan de kastielen en ridders. Allinnich neame wy it yn Fryslân gjin kastiel, mar in stins. Ut dizze tiid binne noch in soad spoaren werom te finen yn 'e grûn. Amateur-argeolooch Robbert Velt fynt se mei syn metaaldetektor geregeld.

(advertinsje)