Fytsalvestêdetocht

  • 180509_TR9662
  • De fytsalvestêdetocht: in skiednisleske

De oerdei-útstjoering mei ferslachjouwing is hjir te sjen

Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht, Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. De hiele dei wurdt ferslach dien op alle media fan Omrop Fryslân. Jûns stjoert Omrop Fryslân fan 18.20 oere ôf in spesjaal programma oer de fytsdei út op telefyzje.

De hiele dei docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Timo Jepkema op ‘en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe’t de fytsers oankomme en hoe’t it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Fytsalvestêdetocht op moandei 21 maaie 2018:
Radio: fan 08.00 oant 19.00 oere op 92.2 FM
Online: de hiele dei fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app
Telefyzje: fan 08.00 oant 18.00 oere. De jûnsútstjoering by de finish yn Boalsert mei hichtepunten fan de dei is te sjen fan 18.20 oere ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)