Omrop Fryslân hâldt dy waarm

It is winter, it is kâld en de kâns is grut dat it hieltyd kâlder wurdt. Mar de kachel samar in pear graden heger sette is net mear foar eltsenien fanselssprekkend. Dêrom hâldt Omrop Fryslân dy dizze winter waarm. Fan 5 desimber oant en mei 8 jannewaris, stiet Omrop Fryslân yn it teken fan waarmte. Mei waarme winterprizen op radio, moaie eveneminten en bysûndere programma’s. Wolkom yn de winter!

Fryske top 100
Krekt as fan âlds, ek dit jier wer de Fryske top 100. Bist benijd nei de list? Sjoch dan op www.frysketop100.nl. De nûmers 10 oant 1 meitsje we op 31 desimber bekend tusken 17.00 en 18.00 oere.

Harkje hjir de folsleine útstjoering werom.

Foarútsjen mei Reitse
Om it nije jier goed te begjinnen sjogge wy mei spesjale gasten, yn de earste wike fan jannewaris in wike lang foarút mei Reitse. Dat dogge we fanút ús eigen popup-restaurant by de Estafette Recycle Boulevard yn Ljouwert. Reitse makket mei Fryske, duorsume produkten de lekkerste gerjochten foar in nijjiersdiner. Miranda Werkman sjocht oan tafel foarút nei 2023. Bygelyks nei de bou fan it nije Cambuurstadion, de nije wize fan buorkjen en Fryslân as ien grutte bloeizone.

Te sjen fan 2 oant en mei 6 jannewaris fan 17.20 oere ôf alle oeren op telefyzje. Sjoch it programma hjir online.

Fljimsk
Teäterselskip Fljimsk bringt dit jier Wêr sil dit hinne...?. Friezen Griet Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijkstra bondelje op ‘en nij harren krêften. De teäterproduksje sit fol fan Fryske humor, dy’t ôfwiksele wurdt mei sang en magy.

Fljimsk online werom te sjen: diel 1 en diel 2.

Stjer
Om it jier goed ôf te sluten stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de film Stjer út. Yn de film wurdt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers folge, nei al it sukses is hy in minpunt wurden. Undertusken komme hieltyd mear artysten om. Geandewei docht bliken dat it om in searjemoardner giet, dy't it op Fryske sjongers fersjoen hat. Slagget it Emiel om te feroarjen?


Op 31 desimber om 20.00 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Of sjoch hjir de film online (beskikber oant 7 jannewaris 2023)

Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch nimme wy de sjogger noch ien kear mei nei de wichtichste nijsûnderwerpen fan it ôfrûne jier. 2022 wie it jier fan it ôfskied fan grutte sporters as Epke Zonderland en Sven Kramer. Mar ek it jier fan de stikstofkaart, de hege gasprizen en fansels de oarloch yn Oekraïne.

De triennen by it ferstjerren fan de ferneamdste waarman dy't ús lân hân hat, de jongesdream fan in Jouster dy't earste doelman fan Oranje waard en de kuierjende beammen dy't troch it sintrum fan Ljouwert lutsen. It binne samar wat mominten dy't foarbykomme yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2022. De presintaasje is yn hannen fan Timo Jepkema.

It Fryslân Hjoed Jieroersjoch is te sjen op tiisdei 27 desimber om 19.20 oere by Omrop Fryslân en wurdt werhelle op 28, 29, 30 en 31 desimber. De útstjoering is ek online te sjen.

Wat Soesto!
Wat Soesto! giet oer it boerelibben fan no en alles wat dêrmei te krijen hat. Mar ek oer famyljeferbannen, oantinkens en de syktocht nei in hoopfolle takomst. In portret oer in hjoeddeiske boer basearre op eigen ûnderfiningen út it ferline.

Wat Soesto! is online werom te sjen.

Sis it mar!
Nei it grutte sukses fan Sis it mar! ferline jier waard al gau dúdlik dat der in twadde edysje komme moast. En no is dy der! Yn de earste wike fan jannewaris is Omrop Fryslân de hiele wike live op radio mei de Sis it mar!-dagen en -nachten. De hiele programmearring stiet dy wike yn it teken fan fersykjes fan harkers. Fersykjes kinne trochjûn wurde fia de Omrop-app.

Sis it mar! is fan moandei 2 o/m 7 sneon jannewaris dei en nacht te hearren by Omrop Fryslân. Sjoch hjir wa't jûn's en nachts op de radio te hearre binne.

Baas Giele Taksy
Woodstock, Both Sides Now en Big Yellow Taxi. Unike en tiidleaze muzyk fan wrâldartyst Joni Mitchell. Dichter Eppie Dam sette in ferskaat oan titels fan Joni Mitchell oer yn it Frysk. Sjongeres en aktrise Inez Timmer fertolket dizze nûmers yn it teäterkonsert "Baas Giele Taksy". Se wurdt begelaat troch in fiif-koppige band en eftergrûnsjongers.

Baas Giele Taksy is online werom te sjen.

Fleanende start
In nij jier stiet foar de doar: 2023. Wat foar jier soe it wurde? Op dy fraach stoarte ferslachjouwer Geert van Tuinen en presintator Jan Dirk de Haan har op nijjiersdei yn ‘In Fleanende Start’. It wurdt yn elts gefal in polityk jier: op woansdei 15 maart kinne wy nei de stimbus foar provinsjale steaten. Ek op sportyf gebiet wurdt it nijsgjirrich. Cambuur begjint nei de winterstop ûnder lieding fan de nije trainer. Op 10 jannewaris wurdt it deksel fan in nagelnije en oant de râne folde subsydzjepot draaid foar elektryske auto’s. Wat docht dat mei de autoferkeapen?

Harkje de útstjoering online werom.

De Fryske Nije
Yn de Fryske Nije wurde jonge artysten út ús provinsje, dy't gewoanwei yn it Nederlânsk of Ingelsk sjonge, útdage om Frysktalige nûmers út te bringen. De line-up bestiet út jonge singer-songwriters Immen en Marije de Vries, it oanstoarmjende talint Rowan (Hollands got Talent) en de mear renommearre artysten Boaz en Zea. Dêrnjonken trede de Spoken Word-artysten Christa Nikelwicz, Gabriëlle Terpstra en Joël Hut op.

Te sjen fan moandei 2 o/m freed 5 jannewaris fan 18.30 oere ôf alle oeren. It programma is ek online te sjen.

NNO Krystkonsert
Krysttiid mei Eric Corton. In wintertradysje mei as spesjale gast de jonge Portugeeske sopraan Leonor Amaral. ‘The most wonderful time of the year’ levere earder ek de moaiste soundtracks op, om noch mar te swijen fan de klassikers út it tiidrek foar de film: de Swanenmeer, Strauss-walsen en christmas carols. Fansels wurde der ek meisjongers spile lykas Santa Claus is coming to Town, Have yourself a merry little Christmas, All I want for Christmas is you, muzyk út Frozen en The Sound of music. Oftewol: in jûn foar de hiele húshâlding.

It NNO Krystkonsert online werom te sjen: diel 1 en diel 2.

Kryst mei Bob, Auke en Jaap
Earste krystdei de middeis fiert Omrop Fryslân mei gasten op de radio. Bob de Boer fan Koarnjum is al jierren en jierren sammelder fan (populêre) krystmuzyk. Om 13.00 oere goait hy by ús syn kolleksje op tafel. Auke Veenstra wie jierrenlang it gesicht fan dancing Quatrebras. Hy skreau der dit jier in boek oer en dielt syn krystherinnerings mei ús op de radio. En we helje de ein fan de middei mei de soele klanken út it Krystrepertoire fan Elvis Aaron Presley. Jaap Melessen fan Burgum is kenner, sammelder en nimt ús mei.

It programma is online werom te harkjen.

Buro de Vries
Op earste krystdei komt Buro de Vries mei in spesjale útstjoering. It earste oere stiet yn it teken fan ‘helpers’. Nim bygelyks de SAR. Yn oktober fan dit jier hawwe se alles noch ôfsocht om twa drinkelingen nei it slimme ûngelok op de Waadsee werom te finen. En Sue Smeding fan Harns set har bot yn foar Oekraÿnske flechtlingen.

It twadde oere stjoert Omrop Fryslân in wiidweidich petear út mei minister Piet Adema en syn frou Helma. Piet Adema waard yn oktober minister fan lânbou. In kompleks ministearje. Wat betsjut dizze ministerspost foar it gesin? En hoe sjocht hy op de earste trije moannen as minister werom?

It programma is online werom te hearren.

Plant

Plant is in muzikale reis fan sjongeres Nynke Laverman. Yn Plant wikselet Nynke kwetsbere, ile soundscapes ôf mei beats en Spoken Word. De pianoklanken en eksplosive drumsesjes fan Sytze Pruiksma lûke dy sûnder muoite mei yn de filmyske wrâld fan fideokeunstner Douwe Dijkstra. Krekt troch minder te dwaan en sêfter te sjongen, is Nynke har oprop lûder as ea: wa wolle wy wêze as minske?

Plant is online werom te sjen.