Weromsjen
Melle-Jan Lijf!
11 april 2022
21:00
-
22:00
"Als ik de bandjes terug hoor, hoor ik, dat het in 1987 al niet soepel door loopt. Het stokt." Sûnt de jierren '80 wit Melle-Jan Kleisma dat er de sykte fan Parkinson hat. Yn de dokumintêre 'Melle-Jan Lijf!' fertelt de striidlustige bluesmuzikant oer syn libben foar, en mei Parkinson. De dokumintêre giet oer syn gefjocht mei de sykte, oer it ophâlde moatten mei muzyk meitsjen en it op 'e nij gitaar spylje wollen. Parkinson is in ferfelende sykte mei ferfelende gefolgen. Mar Melle-Jan wit ek moai te ferwurdzjen hoe't de sykte him in protte goeds brocht hat. De dokumintêre 'Melle-Jan Lijf!' fan makkers Petra van der Molen en Rob Pieters wurdt útstjoert yn it ramt fan 'Wrâld Parkinsondei'.