It bêste fan LF2018
Weromsjen

It bêste fan LF2018

1 jannewaris 2019 17:15 - 18:00

Wat in jier hat it west! 2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018. Omrop Fryslân joech der rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris nochris werom te sjen.

It bêste fan LF2018

18 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' gie tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.   Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden? Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân. DNA LWD2018 It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Ziva Colijn.  

It bêste fan LF2018

11 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Fryske Anjer giet nei Leeuwarden - Fryslân 2018: De Fryske Anjer 2018 giet dit jier nei Leeuwarden-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Mar it Prins Bernhard Cultuurfonds wol noch fan de Friezen witte wa't of wat de priis krije moat. "Iedereen die zich heeft ingespannen voor Culturele Hoofdstad kan worden voorgedragen," leit Hans Boekhoven, vice-foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân út. "Er zijn zoveel onderdelen, van alle Under de Toerprojecten en de Reuzen, maar ook vele andere kleinere voorstellingen. Wij vragen de mienskip om ons aan te geven wat ze prachtig vonden. Uit die inzendingen gaan we de winnaar kiezen. Dat kan dus een persoon zijn of een voorstelling, iedereen die actief bij LF2018 is." Elkenien kin dûnsje, sels mei in beheining: 'Iedereen kan dansen' is it tema fan de earste Fryske Dûnsdagen. Fan tongersdei 4 oktober oant en mei moandei 8 oktober is De Harmonie yn Ljouwert ien grutte gribus fan dûnsjende minsken, workshops en foarstellingen.   Friezen om utens Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Hjoed it ferhaal fan Joke Bakker út Nij Seelân. De Grutte Fryske Skieppekuier; De 250 skiep, dy't ferline wike begûn binne oan in kuiertocht fan 100 kilometer, binne sneon 6 oktober yn Ljouwert oankaam.  

It bêste fan LF2018

4 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede: Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch.   Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne: Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuierneame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.    

It bêste fan LF2018

27 septimber 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: The Colorfield Performance: It skilderij projekt The Colorfield Performance fan keunstner Dirk Hakze by Sleat is klear. Keunstner Eduard Frieser fan Grou hat moandei mei noch in pear oaren de lêste wurken makke. Dêrmei binne de 499 panielen beskildere. Se steane opsteld yn in trijehoeke yn in greide yn de iepen loft. Mei elkoar ha 440 keunstners deroan meiwurke. Minsken kinne troch it keunstwurk hinne rinne, it binne stik foar stik skilderijen, mar alles mei inoar foarmet ek ien grut keunstwurk, in soarte fan land art. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Theo de Jong yn Súd-Afrika. Nasjonaal Grafykplatfoarm VOG fiert jubileum yn Ljouwert: It lanlik platfoarm foar Grafyske Keunstners bestiet 25 jier en hâldt syn jubileum eksposysje yn de Zaailand-Galerie yn Ljouwert. Foar it 25-¬jierrich jubileum fan 'Bijzondere Grafiek van Grafiek¬platform VOG' wurkje Fryske dichters gear mei grafyske keunstners.