Froulju fan Fryslân
Weromsjen

Froulju fan Fryslân

6 desimber 2018 17:45 - 18:00

It is safier: de bylden binne klear en kinne yn it Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean delsetten wurde. Hoe sil it lykje no't se bûten steane? Jildou (18) is de jongste fan de Froulju fan Fryslân-froulju. Se docht in technyske oplieding en rint staazje by in bedriuw dat spesjalisearre is yn hydraulyk. Presys wat sy aardich fynt. Neffens Jildou soene folle moar famkes in technyske oplieding folgje kinne. By iepen dagen helpt Jildou dan ek altyd mei om famkes oer te streep te lûken.

Froulju fan Fryslân

29 novimber 2018 17:45 - 18:00 De spylsters fan SC Hearrenfean froulju hoege der net lang oer nei te tinken: harren foarsitter Froukje fertsjinnet neffens harren in stânbyld. Froukje set har mei hert en siel yn om it frouljusfuotbalteam op de kaart te setten. Yn de brûnsjitterij mei Froukje alfêst efkes by har boarstbyld sjen. Hoe is it foar dizze stoere frou om ynienen each yn each mei har evenbyld te stean.

Froulju fan Fryslân

22 novimber 2018 17:45 - 18:00 It is waarm yn de brûnsjitterij. Hjoed wurde de bylden fan de Froulju fan Fryslân jitten. It smelten brûns fan mear as 1000 graden wurdt yn de mallen jitten. Tytsje is derby. Har bernsbern Anne nominearre har foar in stânbyld. Sa aktyf en foarútstribjend as har 'beppe' is, hopet sy letter ek te wurden. Tytsje (72) út Stiens hat in eigen buorkerij en in drok, wurksum libben efter de rêch as hânfeardigenslearares.

Froulju fan Fryslân

15 novimber 2018 17:45 - 18:00 De earste opset fan de bylden is klear en it is tiid foar de Froulju fan Fryslân om model komme te stean yn it atelier fan Natasja. Mirte (28) út Surhústerfean is as earste oan bar. Sy waard nominearre troch har goede freondinne Jolanda. Mirte komt hast alle dagen wol efkes by har en har soan Thijmen op besite. Thijmen hat autisme en libbensbedriigjende epilepsy, wat in soad soarch freget. Mirte helpt Jolanda sa folle mooglik, troch op te passen, in lústerjend ear te bieden of tegearre op syk te gean nei goede help foar Thijmen. 

Froulju fan Fryslân

8 novimber 2018 17:45 - 18:00 It boetsearjen kin oangean. It byld fan Gea is as earste oan bar. Gea is as frijwillichster altyd dwaande foar de mienskip yn Frjentsjer. Se soarget der bygelyks foar dat minsken holpen wurde mei karweien yn 'e hûs en organisearret de Samenloop voor Hoop. In kuierestafette om jild byinoar te krijen foar KWF Kankerbestrijding.