Fol Fjoer
Weromsjen

Fol Fjoer

26 july 2018 17:30 - 17:45

It ljeppen hawwe se leard efter de stâl fan heit, oer de feart: de bruorren Ysbrand en Oane Galama fan It Heidenskip. Ysbrand ljept yn de heechste klasse, Oane besiket yn de twadde klasse him te kwalifisearjen foar it FK. Beide sitte se fol fjoer foar it fierljeppen. 

Fol Fjoer

25 july 2018 17:30 - 17:45 Feike Holtrop fan Baaium sit op kop en earen yn de túchsport. Al 30 jier lang docht hy mei oan konkoersen yn alle mooglike farianten fan oanspanningen. Holtrop is in oprjochte ambassadeur fan de hynstesport, want in libben sûnder Fryske hynders is net kompleet. 

Fol Fjoer

24 july 2018 17:30 - 17:45 It skûtsjesilen sit harren yn it bloed en se ha it der alle dagen wol oer: de bruorren Sytze en Harmen Brouwer. Sytze is skipper op it skûtsje fan It Hearrenfean en waard as debutant ferline jier twadde yn de SKS. Harmen is fokkenist oan board, mar is takom jier skipper op De Twee Gebroeders yn de IFKS. It gefoel fan de Brouwers oer de skûtsjesilerij sit djip. 

Fol Fjoer

23 july 2018 17:30 - 17:45 Op it fjild stiet hy mei it fjoer foar de eagen: keatser Hans Wassenaar. Kening fan de PC fan 2016 en besitter fan it klaverke fjouwer. Wassenaar is topfit en hat der wer sin oan: ''de moaiste keatsdei fan it jier mei in topsfear: de PC!'' 

Fol Fjoer

18 augustus 2017 18:40 - 19:00 De leafde foar de IFKS Doe't Sikke Heerschop (61) noch op de basisskoalle siet, wie hy altyd al te finen by de boatsjeboel. Syn omke Sikke hat him de leafde foar it wetter bybrocht en sûnt syn 17e is hy al belutsen by it skûtsjesilen. Hy hat it fak fan de âlde Lodewyk Meeter leard. Yn de simmer draait alles om it farren by de famylje Heerschop. Sikke fynt it machtich om sa’n skip te hawwen en is der altyd mei dwaande. It opknappen yn de winter, de histoarje, de wedstriden, de sfear. “It is kicke...mei moaie wyn, hearlik troch it wetter.