De Oertocht
Weromsjen

De Oertocht

18 septimber 17:15 - 17:30

Yn de Oertocht de syktocht nei in duorsume takomst fan it ferfier en libben op Skiermûntseach en it Amelân. We geane mei Wilmar Stigter nei Ferwerd en Holwerd om te sjen wat neffens him de moaiste oplossing is foar de dyk en geul nei it Amelân en we folgje morfolooch Ernst Lofvers op it Waad.

De Oertocht

11 septimber 17:15 - 17:30 Yn de Oertocht de syktocht nei in duorsume takomst fan it ferfier en libben op Skiermûntseach en it Amelân. Hjoed de opbou fan it MadNes Festival op it Amelân. Om't der mar ien boat de oertocht makket yn dy perioade, stiet de organisaasje ûnder hege druk.

De Oertocht

4 septimber 17:15 - 17:30 Yn de Oertocht de syktocht nei in duorsume takomst fan it ferfier en libben op Skiermûntseach en it Amelân. Wagenborg is ta oan nije skepen en is yn maart fan dit jier in wike lang yn petear west my harren klanten oer de ferfierswinsken. Hjoed folgje wy Britta Kooiker-Boersma, de nije soarchmanager fan de Stelp dy't op útnûging fan de rederij ek nei de brainstormwike giet.

De Oertocht

17 desimber 2019 17:30 - 17:45 Yn de lêste ôflevering van De Oertocht folgje wy Simone Kalsbeek. Sy is ûnderweis nei it fêste lân mei de wettertaksy. Sy hellet har soan Leon op dy 't in beheining hat. Hy is tweintich jier mar kin net prate. Simone fertelt iepenhertich oer har situaasje. Bern mei in beheining op Amelân kinne gebrûk meitsje fan de wettertaksy tanksij in regeling fan de gemeente en de rederij. Dizze ferfiers regeling bestiet hast 10 jier en is in grut sukses.

De Oertocht

10 desimber 2019 17:30 - 17:45 Hjoed yn De Oertocht folgje we fysioterapeut Gerard Metz, hy docht syn rûntsje yn de Stelp yn Hollum. Metz lit sjen wat de foardielen binne fan soarch yn in hechte mienskip. Bewenner Wim de Boer fertelt fol fjoer oer syn Stelp en wêrom dy net út it sintrum fan it doarp ferhúzje moat. Hy komt fia in besiker fan de Kunstmaand Ameland yn kontakt mei in freon dy't hy 80 jier net sprutsen hat. Wim de boer is sels al 96, mar dat soenen je net sizze.