Dit programma komt net online beskikber.

NNO konsert
Weromsjen

NNO konsert

20 febrewaris 2022 21:00 - 22:00

Trije grutte nammen yn ien konsert: Eivind Gullberg dirigearret it Noord Nederlands Orkest yn wurken fan Boulanger, Ravel en Dvořák. Yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel solearret de Nederlânske pianist Thomas Beijer. It konsert hat plak yn de Oosterpoort yn Grins. Boulanger Lile Boulanger ferstoarn op har fjouwerentweintichste oan tuberkuloaze en dêrmei ferlern de Frânske muzyk in grutte belofte. Yn dit diel fan it konsert klinke twa karakteristike wurken: sfearfolle, dreamerige muzyk, sa't dy allinnich yn Parys om it jier 1900 hinne skreaun waard. Ravel In hiel oar soarte 'Parys' hearst yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel. Dat is typyske muzyk fan de jierren '20, mei in flinke skeut jazz. It giet hjir om in typysk Ravel-stik: boartlik en kleure troch solo's út alle hoeken fan it orkest. Dvořák Amerikaanske ynfloeden wiene al in hiele iuw earder te hearren, yn 'Negende Symfonie' fan Dvořák. Dizze Tjechyske komponist wie nei New York ferhuze, dêr't er him ynspirearje liet troch Amerikaanske folksmuzyk, én troch de enoarme ûnwennigens nei syn heitelân.