Noch fol moaie ferhalen oer de avontoeren fan eartiids hâldt de aaisikersclub fan Wurdum der mei op. Sûnt der gjin ljipaaien mear meinaam wurde meie, liede de club al in sliepend bestean. No, nei 100 jier, is it momint fan opheffen kaam. Al in jier as sân docht Thomas van der Ploeg út Broeksterwâld oan hout slepen mei syn Schwarzwälder Fuchs-hynder. De rún is in hynder dat graach wurkje wol. Van der Ploeg docht wol mei oan wedstriden, mar it moaiste fynt hy hast wol it echte wurk yn de bosk, yn opdracht fan in boskwachter.