Weromsjen
HEA!
22 novimber 2022
17:15
-
17:30
It begûn dermei dat syn suske in miniatuer VW-buske hie, en dat fûn hy wol moai. No hat Gaele Kooistra tegearre mei syn frou Linda it hiele hûs der fol mei te stean. Net allinne VW-miniatueren, mar ek stikkers, kaaihingers, posters en wat al net fan it ikoanyske buske. Oane en Itte Smink fan Baaium nimme de stap: fan melkfee geane se oer op in biologyske fleisfeehâlderij.