Nei 47 jier achter it stjoer fan syn frachtwein sitten te hawwen, sil Jan Mous fan Sondel no mei pensjoen. Hy hat it alle dagen fantastysk nei it sin hân en it ôfskied docht him ferskriklik sear. De simmer is no wol echt ôfrûn en de boat moat wer yn ûnderhâld. Wytse Kooistra fan Wergea en syn frou sille dêr hjoed mei oan de gong.