HEA!
Weromsjen

HEA!

12 juny 2022 17:35 - 18:00

HEA! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl.

HEA!

Juster 17:15 - 17:30 By fuotbalklup VV Drachten is alle woansdeitemiddeis in geweldige frijwilligersploech klusjes oan it dwaan. Mei in protte humor, soargje se derfoar dat it der om de fjilden hinne kreas útsjocht. By Paul Zijlstra yn Snits hingje in oaljefant, in tiger en in liuw boppe de bank. Syn frou sparret alles fan Harry Potter en yn de tún hat Paul syn eigen kroech.

HEA!

27 maart 17:15 - 17:30 Ald-boer Willem Schaap is noch alle dagen op de pleats dêr't syn soan no buorket te finen. Hy genietet fan de fernijings yn it boerebedriuw.  Boppe de bank yn Tersoal hingje foto's fan in ielfisker oan't wurk. It is de (skoan)heit fan Wytse en Rinske Hospes.

HEA!

26 maart 17:15 - 17:30 Al 180 jier wurdt yn Akkrum tradisjoneel de Palmpeaskeoptocht rûn. Sa wurdt de yntocht fan Jezus yn Jerusalem fiert, mar ek it begjin fan de maitiid. Hûnderten bern rinne mei harren selsmakke Palmpeaskestokken achter it korps oan troch it hiele doarp. De moaiste skilderijen hingje by Wiebe van der Wal en syn frou boppe de bank. De frou puzzelet de skilderijen achter elkoar, sûnder foarbyld yn elkoar. Wiebe hâldt fan modelbou, mar sit alle dagen ek wol efkes te gamen.

HEA!

21 maart 17:15 - 17:30 By biljertferiening "Keus genoeg" fan Suwâld is humor like belangryk as de biljertprestaasje sels. It bûnte selsskip manlju jout wykliks kommentaar op elkoars spul. Yn Easterwâlde wennet Piet Ekhart op in prachtich plakje. Foar hûs hat er sels in glêzen hokje boud, dêr't er de hiele dei yn sit.