Yn de lêste ôflevering van De Oertocht folgje wy Simone Kalsbeek. Sy is ûnderweis nei it fêste lân mei de wettertaksy. Sy hellet har soan Leon op dy 't in beheining hat. Hy is tweintich jier mar kin net prate. Simone fertelt iepenhertich oer har situaasje. Bern mei in beheining op Amelân kinne gebrûk meitsje fan de wettertaksy tanksij in regeling fan de gemeente en de rederij. Dizze ferfiers regeling bestiet hast 10 jier en is in grut sukses.