Hjoed yn De Oertocht folgje we fysioterapeut Gerard Metz, hy docht syn rûntsje yn de Stelp yn Hollum. Metz lit sjen wat de foardielen binne fan soarch yn in hechte mienskip. Bewenner Wim de Boer fertelt fol fjoer oer syn Stelp en wêrom dy net út it sintrum fan it doarp ferhúzje moat. Hy komt fia in besiker fan de Kunstmaand Ameland yn kontakt mei in freon dy't hy 80 jier net sprutsen hat. Wim de boer is sels al 96, mar dat soenen je net sizze.