Omrop Fryslân draait dyn fersykjes yn de earste wike fan jannewaris yn it wolbekende radioprogramma Sis it mar! De hiele wike stiet de programmearring yn it ramt fan de fersykjes fan de harkers. Mear dan 30 presintatoaren binne ekstra ynpland om der ek yn de jûnsoeren te wêzen foar de harker.

Op sneontemoarn 6 jannewaris is der fan 6.00 oant 8.00 oere in spesjale Sis it mar-útstjoering mei Maaike van Dijk en René Koster.

Fan 1 o/m 6 jannewaris bepaalstó dus wat wy draaie! Fersykjes oanfreegje kin de hiele dei fia de Omrop-app of troch in berjocht te stjoeren nei 06 20 499 199.

Downloade kin yn de Google Play Store of de App Store.