Dit jier barst de striid ûnder de skûtsjes wer los en dat wurdt troch Omrop Fryslân wer as fan âlds live yn byld brocht.
Dit jier barst de striid ûnder de skûtsjes wer los en dat wurdt troch Omrop Fryslân wer as fan âlds live yn byld brocht.
Foarsis alle dagen de nûmers 1, 2 en 3. Wa't der it tichste by sit makket alle dagen kâns op in unike syltocht foar twa persoanen troch de Alde Feanen by Earnewâld op de slotdei fan Simmer fan Fryslân. Mei oan it roer skûtsjekenner Age Veldboom. De dei wurdt kompleet makke mei in nijsgjirrige rûnlieding yn it skûtsjemuseum. Trûbadoer Piter Wilkens giet ek mei oan board. Foar de bêste foarsizzer fan de SKS of IFKS binne der ek noch Skûtsjebokalen te winnen. De winnersdei is op 28 augustus live te folgjen fia radio en telefyzje by Omrop Fryslân.
Doch dyn foarsizzing alle dagen oan it 10-minuten skot (14.00 oere) falt, harkje nei it programma Underweis tusken 16.00 en 18.00 oere en hear wa de deiwinner wurden is.
De IFKS is in bysûnder kampioenskip, dêr 't by it grutte publyk miskien somtiden noch wol wat ûnbekendheid oer hearsket. Omrop Fryslân sil dit jier dêrom op syk nei de ferhalen efter de IFKS. Wat makket dizze klasse eigen? Wa sile der yn mei? En wêrom dogge se dat eins? Alle dagen te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Op radio wurdt as fan âlds live kommentaar fersoarge.