Omrop Fryslân biedt jo de mooglikheid om radio- en telefyzjeprogramma’s te bestellen. Jo krije dy dan tastjoerd op in USB stick. Oan in bestelling binne wol in tal betingsten ferbûn:

  • De rjochten op it materiaal bliuwe eigendom fan Omrop Fryslân.
  • It materiaal mei inkeld en allinne foar ynformative en/of edukative doelen brûkt wurde en mei op gjin inkelde wize fermannichfâldige en/of brûkt wurde foar kommersjele doelen.
  • It materiaal mei allinne toand wurde yn in saneamd 'besletten fermidden' en mei net oerdroegen wurden oan tredden.
  • Oan de USB stick en/of oan it toande kin op gjin inkelde wize rjochten ûntliend wurde.

De kosten foar byldmateriaal dat net âlder is as 3 moannen binne € 34,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten). De kosten foar audiomateriaal dat net âlder is as 3 moannen binne € 29,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten).

Fan âldere byld- en audiofragminten kinne de kosten heger wêze as de standertbedragen.