Foarútsjen mei Reitse

Om it nije jier goed te begjinnen sjogge wy mei spesjale gasten, yn de earste wike fan jannewaris, foarút mei Reitse. Tegearre mei syn gasten makket Reitse eltse dei in gerjocht en Miranda Werkman sjocht oan tafel foarút nei 2024. Mei oare wurden, in kombinaasje fan goeie petearen en hearlik iten.

Dit jier giet Reitse de útdaging oan om foar 10 euro foar 4 persoanen in gerjocht klear te meitsjen. Wat it noch spannender makket is dat Reitse de yngrediïnten net sels keapje mei, dit dogge syn gasten foar him. Foarút sjen mei Reitse stiet dit jier yn it ramt fan duorsume, goedkeape en sûne gerjochten. Der wurdt mei de gasten praat oer ûnderwerpen as skulden, duorsumens en earmoed, mar der wurde foaral lekkere en maklike gerjochten makke.

Te sjen fan 1 oant en mei 5 jannewaris fan 17.20 oere ôf alle oeren op telefyzje.