Buro de Vries

24 july 2022 11:00 - 13:00

Syn wurden "It giet oan" waarden legindarysk, mar ek yn syn eigen libben wiene mominten fan froast- en teiwaar. Net allinne syn tiid as Alvestêdetocht-foarsitter en It Fryske Gea-direkteur, mar ek syn jeugdjierren wiene bepalend foar Henk Kroes. Syn wurden "It giet oan" waarden legindarysk, mar ek syn eigen libben koe mominten fan froast- en teiwaar. Henk Kroes waard berne yn Terkaple, op 1 novimber 1938. Heit en mem buorken dêr op de lytse pleats dy't earder fan pake en beppe wie. Doe't Henk sân jier wie, baarnde de pleats ôf. De famylje ferhuze nei de Kobbewei by Goaiïngahuzen: in plakje dat net oer it lân te berikken wie. De ein fan de wrâld.  

Buro de Vries

14 april 11:00 - 13:00 Hjoed yn Buro de Vries: * Skriuwer, histoarikus en 'dieltiid-eilanner' Adwin de Kluyver hat in nij boek skreaun oer eilannen 'De eilanden van goed en kwaad' * Wieke Bosch, in anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech - diel 2, * It nijsfoarum mei Aukje de Vries

Buro de Vries

7 april 11:00 - 13:00 Hjoed yn Buro de Vries: * Fryske fersetsstriidster: Lys(bert) Atsma. Se hat sels altyd beskieden west oer har rol, mar krijt de erkenning dy't har takomt yn it boek Vrouwen van het Friese verzet fan Hessel de Walle. * In petear mei Sipke van der Meulen fan it ROF (regionaal orgaan Ferkearsfeilichheid) dy 't ynkoarten mei pensjoen giet. * It nijsfoarum mei: Gerk Koopmans earder direkteur fan ûnder oaren it Frysk Fersetsmuseum en organisaasje 80 jier befrijing, Tjitske Veenstra riedslid Grien Links Achtkarspelen en Maarten Goudzwaard Fraksjefoarsitter JA21 yn de Fryske Steaten.

Buro de Vries

31 maart 11:00 - 13:00 Hjoed yn Buro de Vries: * Marica van der Meer út Warkum makket har klear om de wrâld oer te fytsen * Hein en Sanne de Haan ha in slim siik jonkje: Jelte. Hy sil net âld wurde * "Hoor Mij" 'de lanlike feriening foar slechthorenden. Sûnt koart hat ek Fryslân in eigen ôfdieling. * It nijsfoarum mei: Hendrik Atze van Doezem en Otto vd Galiën.

Buro de Vries

24 maart 11:00 - 13:00 Hjoed yn Buro de Vries: * Unbedoeld rasisme skûlet yn hiel Fryslân: "Kijk, dit is nou een bruine Fries!" * Jehannes Passy is nei 300 jier noch altyd by de tiid: "Geen dag zonder Bach" * Margriet Brandsma oer nije ôfleveringen de Heks van Anjum * It nijsfoarum mei û.o. Habtamu de Hoop.