De Witte Swaen
De Witte Swaen, doetiids it ekpedysjeskip fan Willem Barentsz dat woeste seeën wist te ferkennen, hat yn de rin fan de tiid yn Harns in nij libben krigen. Al goed tsien jier wurdt der mei man en macht yn Harns wurke oan de bou fan it replikaskip. Yn de rige De Witte Swaen sjocht Omrop Fryslân mei achter de skermen by de bou fan dit unike proses. Der is in nije ôflevering taheakke oan de no seisdielige searje 'De Witte Swaen'. Yn de nije ôflevering is te sjen hoe't de replika fan it skip fan Willem Barentsz fan Skylge ôf de Noardsee op giet.
De Noardsee op
Yn de nije ôflevering folget Omrop Fryslân de tocht op de Noardsee. Folgje de searje fan snein 5 novimber ôf. De earste fiif ôfleveringen fan de searje bin werhellingen. Ôflevering seis is in nije ôflevering en in ferfolch op de oare ôfleveringen.