Fryslân fan 'e moarn

Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar presintearje ôfwikseljend it programma wylsto krekt wekker wurdst, oan it moarnsiten sitst of al ûnderweis bist. Sa hearst altyd it lêste nijs, mieningen en ferhalen fan kollumnisten en reizgest mei de ferslachjouwer mei dy't eltse moarn op 'en paad is.

Beharkje hjir de útstjoering

No derfoar!

Under it wurk, ast dyn hûs himmelest, of gewoan ast op de bank sitst mei in bakje kofje: tusken 09:30 en 12:00 oere is Harm Weistra der foar dy mei No derfoar! Lekkere muzyk, nijsgjirrich nijs, moaie ferhalen: No derfoar! hat it allegearre.

Beharkje hjir de útstjoering

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.

Beharkje hjir de útstjoering

Goeiemiddei

Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten. Wy binne tige nijsgjirrich wat dy dwaande hâldt; sa freegje wy alle dagen asto in kreative link betinke kinst foar in plaat by it nijs.

Beharkje hjir de útstjoering

Underweis

Op wurkdagen tusken fjouweren en seizen is der Underweis. Thús, op dyn wurk, of ûnderweis nei hûs prate Eric Ennema en Jan Dirk de Haan dy by oer it nijs fan de dei en de eftergrûnen by it nijs, ôfwiksele mei de bêste muzyk, aktuele ferkearsynformaasje en it waar.

Beharkje hjir de útstjoering

Noardewyn

Noardewyn is it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Mei moandei o/m tongersdei op radio in oere lang, nijsgjirriche ien op ien petearen mei gasten út de muzyk, teater of kultuur wrâld. De gasten bepale sels de muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries.

Beharkje hjir de útstjoering

Op & Ut

It presintaasjeduo Douwe Heeringa en Roelof Lousma presintearret sneons ít útgeans- en kultuerprogramma fan Fryslân. In bulte ynspiraasje foar elk dy't der op út wol yn eigen provinsje.

Beharkje hjir de útstjoering

Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport.

Beharkje hjir de útstjoering

Prelude

Geastlike muzyk, lykas koraalmuzyk fan koaren en korpsen út Fryslân. Ek is der plak foar fersykjes út it geastlik repertoire. In fêst ûnderdiel fan Prelude is in oertinking fan in libbensskôchlike gast. Ek in fersykje oanfreegje? Dat kin hjir. Of mail nei prelude@omropfryslan.nl.

Beharkje hjir de útstjoering

Mei Douwe

In fertroud momint op de sneintemoarn: noflike muzyk, in klassike noat yn in deistich lûd. Mar ek Frânske sjansons en wrâldmuzyk. Setsto de kofje oan?

Beharkje hjir de útstjoering

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.

Beharkje hjir de útstjoering

Snein yn Fryslân

Op sneintemiddei fan 13.00 oant 18.00 oere hearst yn Snein yn Fryslân: eltse wike wurdt der in kroanjier keazen dat it tema fan de útstjoering is. Hearst dan muzyk en nijs út dat jier. Njonken de muzyk komt de aktuele sport oan bod. En der binne prizen te winnen!

Beharkje hjir de útstjoering