Smokkelbern

Yn 1942 begûnen Amsterdamske en Utrechtske studinten mei it rêden fan Joadske bern, om se út hannen fan de Dútsers te hâlden. De bern waarden nei pleechgesinnen op it plattelân smokkele. Hûnderten bern oerlibben sa yn Fryslân de oarloch.
Yn 'Smokkelbern, de podcast' de ferhalen fan dy bern. Hoe hawwe se dy tiid belibbe, dat se ûnderdûkt sieten by in Fryske famylje? En hoe gie it letter mei se?

'Smokkelbern' is in podcast en in rige FryslânDOKs yn it ramt fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'. In gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

Harkje nei de podcast fia dyn favorite podcast-app: