Fan binnenút

Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater'
De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt? Yn dizze podcast praat Miranda Werkman mei programmamanager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en dykgraaf Luzette Kroon oer de takomst, waarekstremen en it klimaat.

Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei'
Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ.

Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben'
Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst.

Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei'
Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?

Harkje nei de podcast fia dyn favorite podcast-app: