Duizend Dagen

De menistetsjerke fan De Rottefalle waard begjin jierren njoggentich in skûlplak foar in Syrysk Ortodoks gesin fan heit, mem en fjouwer bern. De doarpslju weagen har oer dei en nacht. Hast tûzen dagen lang. Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad publisearje mei-inoar in podcast oer it langste tsjerkeasyl fan Nederlân.

De podcast ' Duizend Dagen ' is it ferhaal fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle en de krêft fan in mienskip. Yn de fiifdielige dokumintêre-rige komme tal fan belutsenen oan it wurd, lykas de frijwilligers fan De Rottefalle, in soan fan de Syrysk Ortodokse famylje, mar ek âld-steatssekretaris Aad Kosto.

Harkje nei de podcast fia dyn favorite podcast-app: