Baard kin de Boalserter Feart efkes net oer: der komt in nije brêge

It doarp Baard hie noch in âlde baskulebrêge fan 1930 oer de Boalserter Feart lizzen. Mar dêr kaam freed feroaring yn: de âlde brêge is fuorthelle en de kommende moannen is provinsje Fryslân drok om der in nije flapbrêge yn te setten.
De brêge fan Baard wurdt ferfongen © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De âlde brêge foldie net mear oan moderne regeljouwing. Dêrom komt der in nije brêge fan stiel. Dy wurdt histoarysk foarmjûn, mei de Frjentsjerterpoartsbrêge yn Harns as foarbyld.
Projektlieder Edo Feenstra fertelt dat de âlde brêge der samar út wie. "It gie rap. Yn ferhâlding is it ek wol in lyts brechje, mar it moat wol barre. Sy hiene 'm al moai demontearre, dêrtroch wie it maklik om it efterút oer de kelder der út te lûken. De brêge wie echt oan ein. De brêge is boud yn 1930 en yn de jierren 90 is er nochris renovearre. Mar no binne wy wol op it momint dat de brêge hielendal ferfongen wurde moat."

Nije flapbrêge

Dat is nedich, sa seit er. "It sit benammen yn it staal- en metaalwurk fan it fal, it beweechbere brêgedek. It giet om in soarte metaalwurgens, dus it moat der út. Dizze brêge komt ek net werom. Yn 'e mande mei it doarp hawwe wy in nije brêge ûntwurpen. Dêr komt ek histoarje mei werom yn it doarp. Dit is in baskulebrêge, it ballêstgewicht sit yn in kelder ûnder de dyk. De nije brêge wurdt in flapbrêge. Dêrmei komt it âlde byld fan eartiids eins werom."

Farseizoen 2021

It duorret noch wol efkes foar't der in nije brêge oer de Boalserter Feart leit. "Wy fiere de boel ôf en de kommende wiken wurdt it sloopwurk dien oan de besteande ûnderbou fan de kelder. En dêrnei wurde de nije pylders en fundaasjes boud. Yn de rjochting fan de maitiid kinne de nije ûnderdielen der wer yn en wy hoopje mei it farseizoen fan 2021 wer klear te wêzen foar it brûken."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga en projektlieder Edo Feenstra