Boargemaster slút himpwenningen yn Ljouwert en Alde Leie

Boargemaster Sybrand Buma hat dizze wike twa wenningen yn Ljouwert en Alde Leie sletten. Yn de wenningen oan de Groeneweg yn Ljouwert en de Leijester Hegedyk yn Alde Leie waarden ôfrûne augustus himpkwekerijen oantroffen. Der is neffens de plysje gjin ferbân tusken de twa.
© Politie.nl
Yn Ljouwert wie de kwekerij al rispe. Der waard wol guod oantroffen dat brûkt wurdt foar it kweken fan himp. Yn de wenning yn Alde Leie trof de plysje wol trijehûndert himpplanten en ek apparatuer oan.
De wenningen binne foar trije moannen sletten troch de boargemaster. Dit jier binne der yn totaal 25 gebouwen sletten op grûn fan de Opiumwet.