Museum Martena wint priis foar 'Aaitour': net inkeld sjen, mar ek fiele

Museum Martena yn Frjentsjer hat de RAAK Stimuleringsprijs wûn. De priis is bedoeld om musea derta oan te setten de kolleksje ek tagonklik te meitsjen foar minsken dy't net of net goed sjen kinne. Museum Martena hat wûn mei de Aaitour, in audiotoer by tritich foarwerpen del dy't minsken ek oanreitsje kinne.
© Omrop Fryslân
Museum Martena krige yn de finale mear stimmen as De Lakenhal yn Leiden en Museum Chabot yn Rotterdam. It Frjentsjerter museum wûn mei it plan foar in Aaitour. "Een audiotour door het museum, dat gaat langs dertig voorwerpen waar een verhaal over verteld wordt", fertelt direkteur Manon Borst. "Maar bij het voorbeeld zit ook een replica die je kunt aanraken, in je handen kunt nemen. Het mooie aan ons plan is dat niet alleen blinden en slechtzienden dit leuk vinden, dit vindt iedereen leuk."
It museum hat grutte plannen mei de tritichtûzen euro dy't se no wûn hawwe. "We willen heel graag proberen om het meest toegankelijke museum van Fryslân te worden, en dat betekent ook dat mensen met een visuele beperking bij ons terecht moeten kunnen."

Werynrjochting

Om dat foarinoar te krijen, sil it museum earst flink oanpakt wurde. "In 2021 gaan we bezig met een herinrichting, eigenlijk het hele museum gaat op de schop. Dat is een prachtig moment om ook de toegankelijkheid van het museum aan te pakken. We verwachten in 2023 met een geheel nieuw museum open te gaan, dan zal de Aaitour ook klaar zijn", seit Borst.
Manon Borst