Stint mei de dyk wer op, ûnder nije namme: BSO-bus

De Stint mei wer de dyk op. De elektryske bolderkar dy't brûkt wurdt foar ferfier fan bern, waard twa jier lyn ferbean, nei in slim ûngelok yn Oss. Fjouwer bern kamen doe om it libben. De opfolger fan de Stint hjit de BSO-bus en foldocht neffens de minister no oan alle feilichheidseasken.
Stint mei de dyk wer op, ûnder nije namme: BSO-bus
Berne-opfangorganisaasjes binne der wiis mei dat it wer mei. "We staan te popelen om weer te gaan rijden", seit eigener Hanny van Lune fan berne-opfang De Torteltuin op it Hearrenfean.
De âlde Stints © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
By De Torteltuin wiene se wakker entûsjast oer de Stint en se wiene der hiel ûngelokkich mei dat se him net mear brûke koene. "We hebben ons altijd veilig gevoeld op de bolder. We waren een van de eersten die met de Stint begon te rijden. We hebben nog nooit problemen gehad, er is een keer een lampje stuk gegaan", seit Van Lune.

Buskes en auto

Nei it ferbod op de Stint hat Van Lune trije buskes en in auto kocht foar it ferfier fan bern fan en nei skoalle. "Maar die kunnen niet het schoolplein op, dus kinderen moeten altijd nog een stukje lopen. Dat gaat gelukkig goed, maar is wel minder veilig dan een bolderkar die de kinderen tot aan de voordeur brengt."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Van Lune is fan doel om de nije BSO-bus dêr't lykas de Stint tsien bern yn kinne, oan te skaffen. Se hat noch fiif âlde Stints. "Die heb ik op Marktplaats gezet. Ze mogen niet meer op de openbare weg, maar zijn goed te gebruiken op bijvoorbeeld campings. Of ik al een bod heb ontvangen? Eentje ja, duizend euro."