Boeren en túnkers diele appels út by ûnder oare fersoargingstehûzen

Boeren en túnkers diele op tiisdei 13 oktober yn de Dutch Food Week goed 40.000 appels út by fersoargingstehûzen, sikehûzen, skoallen en fiedselbanken yn harren regio. Boerebelangeferiening LTO Noord is inisjatyfnimmer fan de aksje en wol minsken dêrmei wize op de wearde fan boeren en túnkers.
© Shutterstock
Yn Fryslân wurde by fersoargingstehûzen yn Wolvegea en Noardwâlde appels útdield. Bedoeling is dat de agraryske sektor op positive wize mei boargers en konsuminten ferbûn wurdt en dat sjen litten wurdt wat de agraryske sektor betsjut foar de lokale mienskip.
"Benammen âlderein en minsken dy't siik binne hawwe it op it stuit dreech en dêrom woene we wat posityfs foar harren dwaan", seit Trienke Elshof, regiofoarsitter fan LTO Noord.
De útdielaksje bart yn de Dutch Food Week. Dit jier is it tema 'ferbine'. Dutch Food Week stimulearret it dielen fan kennis mei inoar op ferskate mêden en toant nije ûntwikkelings dy't mei ús iten te krijen hawwe.